Petysje foar beskerming kwelder by Wierum oerlange

De kwelder by Wierum © Omrop Fryslân, Mats Gies
Ynwenners fan Wierum hawwe noed oer de tastân fan it bûtendyks natuergebiet foar de kust fan harren doarp. De kwelder wurdt hieltyd lytser trochdat it gebiet stadichoan ôfbroazelet.
In petysje om oandacht te freegjen foar it behâld fan de kwelder smiet 1.800 hantekenings op. Inisjatyfnimmer fan de petysje is de projektgroep Red de Kwelder. Dy projektgroep wol dúdlik meitsje dat de needsaak grut is om dizze kwelder te beskermjen: trochdat de riisdaam en de pier ferfallen binne, krijt de kwelder net mear de nedige beskerming.
As it sa trochgiet, giet mei de kwelder in soad kultuerhistoaryske en lânskiplike wearde ferlern. Dat wol de projektgroep krekt foarkomme.

Ofwachtsjen

De petysje is no yntsjinne by stjoergroep 1DYK, in stjoergroep dy't bestiet út bestjoerders fan Wetterskip, Rykswettersteat, provinsje, gemeenten Waadhoeke en Noardeast-Fryslân, LTO en It Fryske Gea. De stjoergroep sjocht nei alle inisjativen om it ferbetterjen fan de dyk fan Koehoal oant de Lauwersmar hinne, bygelyks nei hoe't dizze inisjativen bydrage kinne oan kwaliteitsferbetteringen yn it gebiet.
Ynkoarten besjogge sy oft der mear beskerming komme moat foar de kwelder. Nei it ynleverjen fan de petysje is it no ôfwachtsjen foar de projektgroep en de sympatisanten oft de kwelder ek beskerme wurde sil en op hokker wize.