40 prosint mear húshâldens by Fryske Voedselbanken sûnt begjin dit jier

Voedselbank Ljouwert © Omrop Fryslân
Der binne op it stuit 1.945 húshâldens yn Fryslân dy't gebrûk meitsje fan de Voedselbank, dat binne der 500 mear as begjin dit jier. Dat docht bliken út in ûndersyk fan Omrop Fryslân by de Fryske Voedselbanken.
Fan de 18 Voedselbanken hat Ljouwert de measte nije oanmeldingen mei 123 ekstra húshâldens. Yn Achtkarspelen, in frij lytse Voedselbank, binne der no trije kear safolle húshâldens as begjin 2022.
Neffens foarsitter Engbert van Esch hat de groei yn dy gemeente trije oarsaken: yn Achtkarspelen binne se aktyf dwaande mei sinjalearring en ferwizing fan nije klanten, der is in lanlike ferleging fan de oanmeldingskritearia en der is fansels ynflaasje en de enerzjylêsten geane omheech.
Sjoch hjirûnder hoefolle húshâldens yn dyn gemeente gebrûk meitsje fan de Voedselbank
Gea Wielinga, foarsitter fan de Fryske Voedselbanken jout oan dat se de groei noch wol oankinne. "De voedselbanken krijgen nog veel donaties van kerken. Winkelacties lopen nog goed en de samenwerking met gemeenten is goed. Vrijwilligers zijn er ook nog genoeg. Kortom, de voedselbanken kunnen de stijging nog wel aan."