Krystopera yn in earder molkfabryk, it kin op De Langelille

Oefenje yn it fabryk © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Yn de krysttiid wurdt it eardere molkfabryk fan Langelille it toaniel foar 'Madam Scrooge', in bewurking fan Dickens syn klassiker 'A Christmas Carol' troch Opera Spanga. Sy binne bekend fan de simmeropera's yn de grutte tinte op de greide by Spangea.
No stiet it selskip foar de folgjende útdaging: optrede yn in molkfabryk. Dat is al oars as oars en dan jout Opera Spanga ek noch har eigen draai oan it ferhaal. Sa is Scrooge in frou.
"Het is een echte bitch, dat is niet nieuw, maar deze keer is ze echt heel gemeen", seit Corina van Eijk, dy't it stik regissearre hat. Ferline jier soe dizze opera al opfierd wurde, mar troch de lockdown gie dat net troch. Dêrtroch hawwe se it stik noch fierder útdjipje kind.
Opera yn in molkfabryk
Der past gjin grut orkest yn it fabryk. Sels dirigint Tjalling Wijnstra stiet yn de kûlissen. Hy hat ek de muzyk skreaun. It libretto, de tekst, is skreaun troch Irma Achten. "Ik lies dy tekst en ik tocht: dit giet oan, ik hear muzyk", fertelt Wijnstra "Scrooge stie yn alle gefallen op myn listke, it is sa'n universeel ferhaal, fan alle tiden."
Dirigint Tjalling Wijnstra yn de kûlissen © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
De repetysjes wurde no noch begelaat troch in repetitor op piano, mar aanst komt der in lyts orkest mei sello, akkordeon en klarinet. "It is echt in keameropera, dêr't de akkordeon it orkestrale delset", seit Wijnstra. "Dêrtroch wurdt it yntym, der binne ek net folle sjongers." Hy mist hjir it grutte orkest ek net.
Mei in lyts ensemble wurdt it in yntime foarstelling © Opera Spanga, Dinand van der Wal
Foar de sjongers is it ek oars as oars yn it âld molkfabryk sûnder ferwaarming. Wessel Wirken sit yn it ensemble. "It hat syn eigen útdaging, mei de temperatuer hjir yn de wintertiid." Dochs is hy tige wiis mei it einresultaat. "We meitsje hjir moai teäter en dat is tige bysûnder."
Regisseur Van Eijk hopet dat de taskôgers nei hûs geane mei in goed gefoel. "Het is een bittere komedie, je kijkt naar je eigen onhebbelijkheden, die hebben we allemaal. En dat is dan mooi om mee naar huis te nemen voor de Kerst."
Madam Scrooge fan Opera Spanga giet op 17 desimber yn premjêre en spilet oant en mei 8 jannewaris yn it âld molkfabryk op De Langelille.