Sinteklaas hat in protte stress en skeakelet de help yn fan in bedriuw út Kollumersweach

Jilt Nicolai, Sinteklaas en Pieter van der Wijk © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
It is dit jier wer topdrokte foar Sinteklaas. Hy moat alle jierren hieltyd mear pakjes fuortbringe en is oer in soad piten de baas. De Sint hat dizze dagen in bulte stress. Hy skeakelet dêrom de help yn fan in bedriuw út Kollumersweach.
"Kom fierder hear, mar ik bin noch wol mei in helpsinteklaas oan de gong", seit Jilt Nicolai wylst hy by in Sinteklaas it burd opplakt. Hy wurket út in skuorre yn Kollumersweach wei, dy't yn de winter omtsjoend wurdt ta 'Sinterklaashuis'. De skuorre leit fol mei pakjes, ynpakpapier, pitepakjes en Sinteklazeklean.
"Sinteklaas hat ús frege oft wy him helpe wolle mei it oanstjoeren fan de piten. It wurdt hieltyd drokker foar de Sint en dus wiene wy ree om him by te stean. Mar wy kamen der al gau efter dat it skema fan de Sint folslein fol sit en hy dus sels ek tsjin de klippen op rint. Wy ha dus betocht om meardere helpsinteklazen te freegjen."
Nicolai hâldt efkes op fan praten om nei in kleanrek mei ûngefear fyftjin mantels te rinnen. Op in planke boppe it rek lizze ferskate miters. "As de Sint dan in pear hannen ekstra nedich hat, kin hy ús altyd belje. Wy hiere dan akteurs yn dy't foar Sinteklaas spylje."
Drokte by de sinteklazesintrale
Yn in hoekje oan de oare kant fan de skuorre is mei-eigener Pieter van der Wijk fan it bedriuw dwaande mei it optúgjen fan ien fan de piten. "Ik fyn it geweldich om de Sint helpe te kinnen", seit Van der Wijk. "Doe't ik lyts wie, hie ik fansels dat échte Sinteklaasgefoel dat alle bern hawwe. Dat gefoel ha ik no wer."
It bedriuw hat yntusken 30 akteurs yn tsjinst dy't by bedriuwen, skoallen en op strjitte foar Sinteklaas of pyt spylje. Dit jier wiene der sa'n 200 boekingen yn Fryslân, Drinte en Grins.

De Sint hâldt tafersjoch

Mar sy meie net samar foar Sinteklaas spylje. De goedhillichman hâldt sels tafersjoch en komt ek dizze dei efkes del. "Ik wil zelf in de gaten houden dat alles goed verloopt", seit Sinteklaas, wylst hy de ferklaaide Sinteklaas fan Nicolai besjocht.
"De mijter moet wat rechter Jilt", wiist de Sint syn kompaan oan. "Ik ben heel blij met de hulp van Jilt en Pieter. Op die manier kan ik zelf rustig aan doen. Ik word een dagje ouder en kan een beetje rust wel waarderen."