Tim Noordman fûn syn striidtoaniel by Extinction Rebellion: "Er is weinig tijd"

Tim Noordman sleat him oan by Extinction Rebellion © Tim Noordman
Mei it ferstriken fan de jierren groeiden Tim Noordman syn soargen oer de klimaatkrisis mei. Hy besleat om syn soargen te uterjen ûnder de flagge fan Extinction Rebellion. "Hier werd ik strijdbaar en vond ik troost."
It wie yn de coronakrisis doe't Noordman (34) syn ideeën ferbûn mei diedkrêft. Hy wie altyd al mei it lot fan bist en natuer begien, mar de aktivist yn him wie noch net wekker skodde. Dat kaam letter, mei troch de oandacht yn de media en de ferkiezingen. De skilen foelen him fan de eagen en de Ljouwerter sleat him oan by Extinction Rebellion, in groep dy't him ferset tsjin de klimaatkrisis en de delgong fan it bioferskaat.

Ferbreedzjen fan snelwei

"Ik zag een optocht van hen over de Neude in Utrecht, de stad waar ik tot voor kort woonde. Toen dacht ik, 'dat is misschien ook wel iets voor mij'." Net folle letter sleat er him oan by in aksje tsjin de ferbreding fan de A7/A12 by it park Amelisweerd. It fjurke waard oanwakkere.
Spandoek tsjin it ferbreedzjen fan de A7/A12 © Tim Noordman
De VVD, dy't yn 2020 wer oan de langste ein luts by de ferkiezingen, wurke as in flesse spiritus. In partij mei ferkearde prioriteiten, neffens Noordman. Fol fjoer: "We wonen in een land dat conservatiever is dan we denken. Neem het spoor. Mijn schoonfamilie woont in Zuid-Frankrijk. Daar zou ik graag met de trein naartoe willen", seit er. "Maar een gemakkelijke en goedkope reis boeken van Amsterdam naar Montpellier is niet mogelijk. Dat kan je in 2022 natuurlijk heel anders regelen."

Swier ôfskied

Noordman, dy't opgroeide yn Bakkefean, ferhuze koartlyn nei fan Utrecht nei Ljouwert. Dêrmei lit er de Extinction Rebellion-leden út Utrecht achter him. It ôfskied foel him swier.
"Het voelde als versagen. Je weet namelijk dat ze daar alle handen nodig hebben. Bovendien heb ik erg leuke contacten opgedaan. Mensen met allerlei nationaliteiten, met wie ik ook afsprak buiten de bijeenkomsten", seit er. "Je voelt je vaak ongehoord in deze kwestie. Daarom is het fijn om ook gelijkgestemden om je heen te hebben. Bij hen werd ik strijdbaar en vond ik troost."
Noordman siet yn de Training & Outreach Circle. Dat is de groep dy't meihelpt mei it organisearjen fan gearkomsten. Ek hâldt er praatsjes oer de beweging en de klimaatkrisis. Foardat de leden op paad gean, wurdt taljochte wat de aksje ynhâldt, wa't wat meinimt, en wat de taakferdieling is.
Protest by Staatsbosbeheer yn Amersfoort © Tim Noordman

Greenwashing

Wat se by Staatsbosbeheer yn Amersfoort dien hawwe, is dêr in foarbyld fan. "Die had een deal met Shell gesloten. Zo kan Shell zeggen dat ze investeren in planten en bomen. Een verdrietige afspraak. Staatsbosbeheer had zich daar nooit in mogen mengen."
En dus gienen de troepen de 'striid' oan. "Voor het gebouw is een plat dakje, waar we op konden klimmen. Daar lieten we een spandoek zakken. In een vijver, bij het gebouw, spoten we een biologische kleurstof waarmee we meegebrachte kleding wasten. Een symbolische daad met 'greenwashing' als thema."
Als een persoon te laat komt op zijn werk, omdat iemand zittend de weg blokkeert, dan is dat maar zo.
Tim Noordman
Noordman begrypt dat minsken harren steure kinne oan de aksjes fan Extinction Rebellion. Mar dochs stiet er derachter. It doel hilliget soms de middels, fynt er. "Als je niet om aandacht schreeuwt met opvallende acties, dan haal je het nieuws niet. We moeten mensen bereiken, want er is weinig tijd."
"Daarnaast is het zaak om het in perspectief te plaatsen. Als een persoon te laat komt op zijn werk, omdat iemand zittend de weg blokkeert, dan is dat maar zo. Het staat in geen enkele verhouding tot de klimaatcrisis waar we middenin zitten. Dus kom op, laten we hier niet te pietluttig over doen."

Yn petear mei omjouwing

Reaksjes siket Noordman net perfoarst by de taskôgers. Dêrfoar giet hy leaver it petear oan mei syn direkte omjouwing. Foar of nei in aksje peilt hy graach by famylje, freonen en kollega's hoe't sy deryn stean.
In soad fan harren meitsje harren ek soargen oer it klimaat. Dochs fynt in part dat Noordman der te faak oer begjint. Dat steurt him. "We praten ook geregeld over de oorlog in Oekraïne of de gasboring in Groningen. Het lijkt mij dan niet gek dat ook de klimaatcrisis zo nu en dan ter tafel komt."
Er ontstaat polarisatie als niemand zich een beetje naar het midden laat trekken.
Tim Noordman
Wer oaren kappe it petear leaver ôf. "Collega's die zeggen, 'tja, ik denk er zo over, en jij zo', dat vind ik armoedig. Er ontstaat polarisatie als niemand zich een beetje naar het midden laat trekken. Ja, je wordt daar wel eens moedeloos van, maar ik blijf het wel benoemen. Ik laat me niet monddood maken."
De fyzje fan Noordman hat ek ynfloed op syn dwaan en litten. Dêr kin de (skoan)famylje oer meiprate. De âlden fan syn freondinne, echte fleisleafhawwers, siede fegetarysk iten as de skoansoan op besite komt.

Streek troch wykeintsje mei bruorren

En ek bruorren Bas en Wouter waarden dit jier mei syn kar konfrontearre. Der stie in lang wykein nei Poalen pland mei syn trijen. Noordman besleat lykwols net yn it fleantúch te stappen, wêrtroch't it útstapke net troch gie.
Demonstraasje yn Amsterdam © Tim Noordman
"Ja, voor hen is dat natuurlijk wel even vervelend. Maar ik merk ook dat ze al een stuk genuanceerder reageren op mijn keuzes dan eerder. Je ziet om je heen dat wijsheid met de jaren komt. Maar als die er nog niet is, betekent dat niet dat anderen hun gedrag daarop moeten aanpassen. Dan is Limburg inmiddels al tien keer overstroomd."

Soargen om Fryslân

No't Noordman werom is yn it heitelân spilet er mei de gedachte om him oan te sluten by Extinction Rebellion yn Ljouwert. "Eerst moet ik de verhuizing afronden. Maar als ik daarna weer tijd heb, zit die kans er zeker in. Er zijn genoeg zaken in Friesland die me aan het hart gaan."
"Het is bijvoorbeeld absurd dat ze grondstoffen willen winnen in het Waddengebied. De parel van de Nederlandse natuur, nota bene. Dit soort partijen hoort ook helemaal geen krediet meer te hebben na alles wat ze in Groningen uitspookten", seit Noordman. Neffens him binne der genôch ynnovative middels oanwêzich om op in oare wize enerzjy op te wekken.
"Het valt later niet aan onze kinderen uit te leggen waarom wij continu aan het fruitplukken waren, en er dus voor hen niks meer over is."