Konklúzje nei feilichheidsynspeksje: wurk oan de winkel by 80 kilometer oan seediken

80 kilometer oan seediken foldocht net oan de hjoeddeistige feilichheidsnoarmen. Dat docht bliken út in periodike keuring fan Wetterskip Fryslân.
De útkomsten fan it ûndersyk betsjutte net fuort dat de diken no ûnfeilich binne, seit it Wetterskip. De noarmen rinne foarút op de ferwachte situaasje yn 2050. De ferskate trajekten sille de kommende tiid stap foar stap oanpakt wurde.
It giet ûnder oare om de folsleine Iselmarkust, de Waadseedyk op Skylge, en ferskate diken en dunen op Skiermûntseach.
Kwetsber foar oerstreamingen
Ien kear yn de tolve jier ûndergean de diken en dunen in keuring. Dat bart oan de hân fan lanlik fêststelde noarmen. Dit is nedich omdat ús lân kwetsber is foar oerstreamingen.
Sûnder diken en dunen soe 60 persint geregeld ûnder wetter stean. In dyk wurdt nei ferrin fan tiid minder feilich. Dat komt troch ferâldering, hegere wetterstannen en it feroarjende klimaat.
De brûkte feilichheidsnoarmen datearje út 2017. Op basis dêrfan wurdt besjoen wat de kâns is op in oerstreaming en wat dêrfan de gefolgen binne.