Wa is it foarbyld fan Cambuurtrainer Sjors Ultee? "Zonder twijfel Van Gaal"

De Sportcast mei Sjors Ultee © Omrop Fryslân
Bûnscoach Louis van Gaal is de man dy't it Nederlânsk alvetal nei de wrâldtitel liede moat. Hy is ek de ynspiraasjeboarne foar de nije Cambuurtrainer Sjors Ultee.
De earste trainingswike mei de 35-jierrige Ultee as haadtrainer waard snein ôfsletten mei in 1-1 lykspul yn de oefenwedstriid tsjin Heracles Almelo. In dei letter skoot de man dy't yn Utrecht berne is oan yn de Sportcast.
Hy is de jongste trainer yn it betelle fuotbal. Hy folget Oranje mei ynteresse. Dat komt mei troch de coach. "Als ik een trainer als voorbeeld moet noemen, is dat zonder twijfel Van Gaal", seit Ultee, dy't al ris om tafel siet mei Van Gaal.

Tips fan de bûnscoach

In tydskrift woe nammentlik in dûbelynterview hâlde mei Van Gaal en Ultee. Mar de bûnscoach woe dat net fanwege syn minne bân mei it tydskrift. Wol liet er witte dat Ultee mânsk genôch wêze soe om kontakt te sykjen mei Van Gaal oer advizen en tips.
Dat liet Ultee him gjin twa kear sizze. Hy stjoerde in e-mail nei Van Gaal, fertelt er. "Ik heb de mail 23 keer gecontroleerd op spelfouten." Van Gaal hapte ta en Ultee reizge nei Portugal ôf.
It twatal siet by Van Gaal thús en prate tegearre oer fuotbal. Dat makke yndruk op Ultee. "Het was zo warm, geïnteresseerd en heel open. Hij had heel veel tips, maar totaal niet op een vervelende manier. Het was een geweldig voetbalgesprek."
De tips dy't Ultee krige, kin er no tapasse yn Ljouwert. Want der moat wat feroarje by Cambuur, dat ien-nei-lêste stiet yn de earedivyzje. "Een cultuuromslag is te veel gezegd, maar er moet wel echt een omslag komen in werken en denken", seit de âld-trainer fan Fortuna Sittard dêroer.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen