Wurkstraf foar Snitser dy't eks mishannele yn oanwêzichheid fan bern

© Shutterstock.com (ArTono)
In Snitser dy't syn eks mishannele dêr't harren bern by wie, is feroardiele ta 80 oeren wurkstraf. De man (24) krige boppedat in kontakt- en in lokaasjeferbod, plus in selstraf fan twa wiken ûnder betingst.
De eks-partner fan de man wie begjin july mei har soantsje op besite by de âlden fan de fertochte doe't it út de hân rûn. De man pakte har by de kiel en trape har tsjin 'e skonk, wylst se har soanstje beethold.
Doe't de healbroer fan de fertochte de frou beskermje woe, waard er ek by de kiel pakt. Neist in wurkstraf moat de Snitser him fan de rjochter ek behannelje litte by ferslavingssoarch.