GGD: kjeld kin sûnensklachten slimmer meitsje, fentilearje is de oplossing

Ferwaarmje mei waksineljochtsjes © ANP
In kâld hûs is net goed foar de sûnens. It kin guon sykteklachten slimmer meitsje. Dat seit Pigh Phuong Nguyen fan de GGD Fryslân.
It wurdt hieltyd kâlder. Minsken wrakselje mei de kjeld en de hege enerzjyprizen. Undersyksburo Ipsos hat bekend makke dat hast de helte fan de misken de ferwaarming noch hieltyd út hat. Se binne benaud foar hege enerzjyprizen.
Troch dûsen, itensieden of waskdrûgjen yn de hûs kinne focht- en skimmelproblemen grutter wurde, seit Pigh Phuong Nguyen. Sy is adviseur miljeu en sûnens by de GGD Fryslân.

24 oeren deis fentilearje

As in keamer net of net genôch ferwaarme wurdt, wurde de problemen mei focht grutter. Besleine ruten kinne ôffage wurde. As focht op muorrren delslacht, kinne dy skimmelich wurde.
It advys fan de GGD is om 24 oeren deis te fentilearjen. Dat is net inkeld goed om frisse lucht yn te litten, mar ek om skealike stoffen út de wente te ferdwine te litten, bygelyks fan meubels of apparaten. In rútsje iepen sette kin ek helpe tsjin koalmonokside.

Reuma en luchtwegen

Wat docht focht mei de sûnens? Reumatyske oandwaningen kinne net goed oer kjeld, fertelt Pigh Phuong Nguyen. Klachten kinne slimmer wurde, Itselde jildt foar astmatyske klachten, oan de luchtwegen.
Ekstra tips fan de GGD
* Hâld de badkeamerdoar ticht nei it dûsen. It focht kin him dan net troch de wente ferspriede
* Set, as it kin, twa fentilaasjeroasters of rútjes tsjinoerinoar yn it kier, sadat der in luchtstream ûntstiet.