Fundearringstafel optimistysk oer skeafergoeding foar minsken mei fersakke hûzen

Wijtze Boomsma © Omrop Fryslân
In groep bewenners yn Súdwest-Fryslân, feriene yn de Fundearringstafel, hat doch noch hoop dat der in skeafergoeding komt foar minsken yn it feangreidegebiet yn Fryslân. Yn dat gebiet is fan guon minsken it hûs fersakke fanwegen in te leech wetterpeil.
Der moat letter dizze moanne dúdlikheid komme oer in eventuele fergoeding foar dizze minsken. Deputearre Steaten advisearre earder om gjin skeafergoeding oan minsken mei funderingsskea te jaan.
Se wolle net fierder gean as in stikje subsydzje foar ûndersyk nei de oarsaak fan de fersakking. De Fundearringstafel fynt dat in skandalich foarstel.
Feangreide © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De leden fan de Fundearringstafel makken earder in rapport foar Provinsjale Steaten oer de skea oan gebouwen en mei oanbefellings oer hokker temjittekomming neffens harren reedlik is.
"Wy binne ta it beslút kaam dat wy mear kommunikaasje ha moatte", seit Wijtze Boomsma fan Balk, ien fan de leden fan de Fundearringstafel. "Minsken moatte better witte wêr't se oan ta binne en dêrnei moat der in fergoeding komme foar de skea."

Heal om heal

Sy tinke dêrby oan in fergoeding fan de helte fan de skea, de oare helte betelje bewenners sels. "Der moat ek noch in regeling komme foar minsken wêrby't de skea grutter is as wat se sels opbringe kinne", fynt Boomsma. "Dy moatte se finansierje kinne."
Boomsma hie yn it begjin it gefoel dat der op stipe rekkenje koe yn de Steaten, mar dat gefoel waard hieltyd minder, fertelt er. "Dus binne wy yn de lobby gongen, by de partijen del dy't it úteinlik beslute moatte. Der moat in mearderheid foar komme."

Optimisme

Boomsma is optimistysk oer de fergoeding. Neffens him is der in "dúdlik ferbân tusken peilferleging en it fersakjen fan it lân". Mocht der gjin stipe foar de skeafergoeding komme, dan sette de bewenners troch. "Der binne oare mooglikheden", seit Boomsma. "Wy jouwe net op."
Op 21 desimber nimt Provinsjale Steaten in beslút oer eventuele kompensaasje foar de dupearden.