Ultee makket debút by Cambuur mei iiskâld lykspul: "Het moet agressiever"

Sjors Ultee © Orange Pictures
De wetten fan Henk de Jong jilde net mear by Cambuur. Sjors Ultee begjint opnij. Dat waard dúdlik by it debút fan Ultee: in iiskâlde clash mei Heracles.
It wie in wedstriid om te oefenjen: nei njoggentich minuten wie noch mar ien spiler oer fan de 22 dy't begûn wiene. En de útslach? Dy die der eins net ta.
De eagen fan it publyk wiene rjochte op de nije trainer fan Cambuur. En de eagen fan de trainer giene nei syn spilers. Hy koe no foar it earst sjen hoe't dy har hâlde soene yn in echte wedstriid mei in echte tsjinstanner. En hy woe se allegearre sjen.
Alex Bangura fan Cambuur © Orange Pictures
"Dit is een fase om veel te leren over mijn spelers. Sommigen ken ik goed, anderen heb ik nog nooit gezien. En in de eerste weken wil ik een beeld vormen, om te zien waar de kracht ligt van het team, en waar de verbeterpunten liggen."
Sa koe it dat allinne de keeper fan Cambuur, João Virgínia, de njoggentich minuten fol makke. Alle oaren waarden wiksele.
Met alleen goed voetbal komen we er niet.
Sjors Ultee
Ultee hat it roer oernaam fan Henk de Jong, dy't om sûnensredenen opholden is as haadtrainer fan Cambuur. Healweis it seizoen moat Ultee no opnij begjinne. Neat stiet mear fêst.
Oanfierder Roberts Uldrikis is syn oanfierdersbân kwyt. Ultee wol ek oaren sjen. Yn de wedstriid tsjin Heracles wie dat Leon Bergsma, mar dat wol net sizze dat dat sa bliuwt.
"Ik kan geen aanvoerder kiezen voordat ik de groep goed ken, voordat ik zie en voel wie de leider is, wie mijn ideeën goed begrijpt, en met wie de communicatie goed loopt. De komende weken zal de aanvoerdersband een paar keer wisselen."
Maxwell Rodriques skoart út in corner © Orange Pictures
Yn 2021 promovearre Cambuur nei de earedivyzje. Foarich jier einigen de Ljouwerters as njoggende. No steane se ien-nei-lêste. De lêste fiif kompetysjewedstriden waarden ferlern.
Ferdigenjend moat it oars, seit Ultee. Dêr hat er de kommende wiken op traind. "We missen de killer-mentaliteit. Echt verdedigen."
It doelpunt fan Heracles yn de oefenwedstriid fan snein (1-1) wie in foarbyld fan hoe't it net moast, seit Ultee. "We hadden drie of vier kansen om in te grijpen, voordat dat doelpunt viel. Dat is niet gebeurd."

"Het moet agressiever"

Yn de earste helte fan it seizoen hat Cambuur te faak mei 1-0 ferlern, seit Ultee. "Dan haal je geen punten. Het moet feller. Agressiever. Als je dat goed doet, kun je meer ballen veroveren. Dan kun je beter counteren, en meer op hun helft spelen. Dan wordt voetballen veel leuker."
Ultee wol net werom nei de earste divyzje. "We moeten overleven, we moeten handhaven. Maar met alleen goed voetbal komen we er niet."