Maatregels tsjin asbest by brân Hoarnstersweach: brânwacht skeakelet spesjalisten yn

In wein fan de brânwacht © ANP
By in brân yn Hoarnstersweach is nei alle gedachten asbest frijkaam. Dat meldt de brânwacht. It asbest siet yn it dak fan in skuorre dy't yn de brân flein wie.
Neffens de brânwacht binne der gjin minsken ferwûne rekke by de brân. It asbest soe 'net hiel gefaarlik' wêze, as it wiet bliuwt, seit de wurdfierder. Dêr is de brânwacht manmachtich mei dwaande.
De brânwacht hat in spesjaal protokol foar soksoarte sitewaasjes, seit de wurdfierder. Dat protokol is yn wurking steld. Spesjalisten fan de brânwacht binne oproppen om de sitewaasje te beoardielen.
By de brân is in skuorre folslein ferlern gien. It wenhûs, mei in reidtek, is sparre bleaun.
De earste melding fan de brân kaam flak foar healwei alven. De brânwacht melde om alve oere hinne dat it fjoer ûnder kontrôle wie.