Foar fiif euro helpt Bakkefean dyn krystbeam de simmer troch (mar it slagget net altyd)

In fersutere krystbeam © Omrop Fryslân
"Dit is it beamke. Hy hat it net oprêden." It wie de bedoeling dat de krystbeam, dy't foarich jier noch by Omrop Fryslân stie, dit jier opnij yn de slingers set wurde soe. Mar no is er dea.
"De drûchte en de waartme fan de simmer ha de beam de kop koste", seit Jouke Bouius fan folkstúnferiening De Twakamp yn Bakkefean. Dêr is de beam in jier lang fersoarge. Fiif euro koste it, en dêrfoar soe de beam in goed plakje krije.
"Beammen binne belangryk foar it klimaat", seit Bouius. "We wolle net ha dat se op de brânsteapel komme. Se moatte yn 'e natuer bliuwe."
De omropkrystbeam hat útfanhûs west en moat wer werom
De beam fan Omrop Fryslân wie net sterk genôch, mar oare beammen ha de simmer wol oerlibbe. Famyljes komme se mei bern en al wer opheljen.
Michiel Buchli hat syn twa dochters meinaam. "Het is jaarlijkse traditie om onze boom weer op te halen met de kinderen. Wij willen wel iets aan duurzaamheid doen en dat past ook beter in deze tijd."
"Sa geane de beammen jierren mei", seit Bouius. "En at se te grut wurde, geane se de grûn wer yn. By de minsken thús, of hjir yn de bosk."
De krystbeam wurdt wer ophelle © Omrop Fryslân
Der is romte foar mear beammen, seit Bouius. Hy hopet dat der takom jier wer mear minsken binne, dy't de beam yn Bakkefean oersimmerje litte wolle.
"Minsken betelje fiif euro, en dêrfoar fersoargje wy de beam it hiele jier. In nije beam kostet al gau 25 euro, dus it kin wol út", seit Bouius.
En foar wa't him soargen makke: Omrop Fryslân hoecht de kommende dagen net sûnder beam te sitten: ús ferslachjouwer hat in adopsjebeam te lien krigen. No mar hoopje dat dy de krystdagen oerlibbet...