Noppert koelbloedich yn Katar: Nederlân troch nei kwartfinale

Andries Noppert © ANP
Mei Andries Noppert op de goal hat it Nederlânsk alvetal him pleatst foar de kwartfinales fan it WK fuotbal yn Katar. Nederlân wûn mei 3-1 fan de Feriene Steaten.
Al nei trije minuten moast Noppert hanneljend optrede. Christian Pulisic waard frijspile op de râne fan it strafskopgebiet en kaam allinnich foar de Jouster doelman te stean. Noppert koe it skot mei syn foet knap keare en sa wist hy in flugge efterstân foar te kommen.
Noppert keart de ynset fan Pulisic © ANP
Yn de tsiende minút wie de earste oanfal fan it Nederlânsk alvetal wol raak. In foarset fan âld-Hearrenfeanspiler Denzel Dumfries waard goed binnensketten troch Memphis Depay: 1-0.

Mei 2-0 it skoft yn

Nei it doelpunt wie it efkes rêstich foar de beiden doelen, mar krekt foar it skoft waarden de Feriene Steaten wer gefaarlik. Timothy Weah helle út fan de râne fan it strafskopgebiet ôf, mar Noppert tikke it hurde skot út de koarte hoeke wei.
Yn de blessueretiid fan de earste helte ferdûbele Nederlân de marzje. Wer wie Dumfries de man fan de assist en no wie Daley Blind it einstasjon: 2-0.

Gakpo en Dumfries rêde Noppert

Krekt nei it skoft krige Noppert help fan Cody Gakpo. Nei in hoekskop kaam de bal by de Amerikaanske ferdigener Tim Ream. Dy tikke de bal rjochting de goal en Noppert koe der net mear by. Op de doelline stie Gakpo noch en hy koe de ynset noch wol keare.
Gakpo helpt Noppert © ANP
Nei in flater fan Depay kaam de Amerikaanske spits Haji Wright allinnich foar Noppert te stean. Wright omspile de Jouster, mar op de doelline koe Dumfries de bal noch wol fuorthelje.
In kertier foar de ein fan de wedstriid foel de goal dochs. De bal kaam tsjin it stânbonke fan Wright oan, gie heech de loft yn en fleach der sa mei in bôgje yn: 2-1.
In pear minuten letter wie Noppert Wright wol de baas. De doelman kaam op 'e tiid syn doel útstoarme en koe sa foarkomme dat it 2-2 waard.

Wedstriid beslikke

Oan de oare kant fan it fjild beslikke Oranje de wedstriid. Nei in foarset fan Blind koe Dumfries de bal binnenwurkje: 3-1.
De Feriene Steaten besochten it dêrnei noch wol, mar Noppert kaam net mear yn de problemen. Nederlân is troch nei de kwartfinale. Dy is freed, tsjin Argentinië.