Willem Brouwer ferlit VV Bûtenpost en hâldt nei alle gedachten op as trainer

Willem Brouwer © Orange Pictures
Willem Brouwer hâldt nei twa seizoenen op as trainer by VV Bûtenpost. De 59-jierrige Drachtster wol syn frije tiid mear bûten it fuotbal besteegje.
Ferline seizoen helle hy syn ploech mei 36 punten nei in alfde plak ta. Dit seizoen stiet Bûtenpost nei 13 wedstriden op it njoggende plak mei 20 punten.
Brouwer ferklearret dat it net in maklike kar wie, om't er it bot nei 't sin hat by Bûtenpost. Mar der is mear as fuotbal en as er takom jier 60 wurdt, hopet er syn tiid oars yn te foljen. Ik haw myn hiele libben al op it fuotbalfjild stien, sa tinkt hy.

Fier yn 't foar beslút nimme

Bestjoer en technyske kommisje hiene graach wollen dat er noch in seizoen trochgie. Mar trainers wurde hieltyd earder fêstlein en hy moast no al in beslút nimme oer in kontrakt oant juny 2024. Dêrom is dit nei alle gedachten de ein fan syn trainerskip.
Brouwer spile yn it ferline ûnder oare by sc Hearrenfean, Harkemase Boys en Veendam.