HEA! Goeie yn Ryptsjerk
HEA! Goeie yn Ryptsjerk
Anne van der Zwaag fan Ryptsjerk mei graach lekker bûten ompiele. Hy is op dit stuit dwaande om trottoirbannen te pleatsen, mar hy helpt de bern ek wol gauris. "In timmerman yn de famylje is handich", seit er sels.
Anne hâldt himsels wol aardich dwaande sûnt syn frou der net mear is. It is in grut gemis, en alles is no oars, In nije leafde sjocht hy net sitten en dêr hat hy ek gjin tiid foar.