Undernimmerspriis foar studinten NHL Stenden nei Kevin van Uem

Kevin van Uem © NHL Stenden
De earste kompetysje foar it Hayo Apotheker Stimuleringsfonds foar ûndernimmende studinten is wûn troch Kevin van Uem.
Uem is studint Maritime Technyk by NHL Stenden en wûn de haadpriis fan 2.500 euro mei Zeedrang. Mei dizze ûndernimming ûntwikkelet er in duorsume skroef foar sylboaten.
It Hayo Apotheker Stimuleringsfonds is ferline jier oprjochte, doe't Hayo Apotheker ôfskied naam as foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch fan NHL Stenden. It fûns stelt alle jierren in bedrach beskikber oan studinten dy't ek ûndernimme of dat fan doel binne.
Studinten kinne in motivaasje ynstjoere en har ideeën pitche foar in sjuery. Under de bêste ideeën wurdt yn totaal 25.000 euro ferparte.
It fûns is ûnderdiel fan it Center for Entrepreneurship, in platfoarm dêr't ûndernimmende studinten inoar moetsje kinne. De skoalle begûn mei 40 studinten en sit yntusken op 315 studinten, fan de advokatuer oant de soarch.