It Amelân bot skrokken fan it ophâlden fan wettertaksy, Provinsje wol yn petear

In boat fan Veltman Marine Services © Veltman Marine Services
It beslút om op te hâlden mei de sneltsjinst yn it tsjuster tusken It Amelân en Holwert fan 1 jannewaris 2023 ôf is it petear fan de dei op it eilân.
"Het eiland is ontzettend geschrokken van wat er nu in het nieuws is. Het is net of we 100 jaar worden teruggegooid in de geschiedenis", fertelt eilanner Richard Kiewiet.
Wettertaksy fan Veltman fart net mear nei It Amelân as it tsjuster is
Veltman Marine Service krijt gjin ûntheffing om tusken sinneûndergong en sinne-opgong flugger as 20 kilometer yn de oere farre te meien yn it Waadgebiet. Eigener Richard Veltman woe freed net op kamera reagearje, mar is neffens Kiewiet hielendal 'leech'.
Gunda Brunotte, bestjoerslid fan it Amelander Ondernemersplatform, follet oan. "Als je met elkaar praat, iedereen is verbaasd, hoe wij als eiland afgesloten kunnen worden van de rest van Nederland."

"Zo normaal mogelijk op het eiland wonen"

De boargemaster fan it eilân sjocht mei noed nei de ûntwikkeling. "We willen graag dat onze inwoners zo normaal mogelijk op het eiland kunnen wonen. En ook dus de vaste wal kunnen bereiken, ook 's nachts als dat nodig is. We gaan er (as gemeente, red.) niet direct over, maar toch denken we er over na hoe we politiek hier nog invloed op uit kunnen oefenen. Kamerleden zijn geïnformeerd."
Hopelijk kunnen we via de Kamerleden toch een soort van breekijzer krijgen, maar uiteindelijk zijn het de Provincie en het Rijk die dit moeten oplossen.
Boargemaster Leo Pieter Stoel
Ien fan de Keamerleden dy't al aksje ûndernaam hat is Caroline van der Plas (BBB), sy hat tongersdei op freed noch in moasje yntsjinne. Dy waard troch minister Mark Harbers ûntrieden, mar dochs wurdt it tiisdei yn stimming brocht. "Hopelijk kunnen we via de Kamerleden toch een soort van breekijzer krijgen, maar uiteindelijk zijn het de Provinsje en het Rijk die dit moeten oplossen", beslút Stoel.
De akute needsituaasjes foar slachtoffers komme, wannear't de wettertaksy ophâldt, net yn gefaar. "Gelukkig is er bij nood nog wel de Waddenhelikopter, of zijn onze vrijwilligers van de KNRM er. Dus iemand die naar het ziekenhuis moet, die komt daar."
It pynlike sit him benammen, fan 1 jannewaris ôf, op it punt dat famyljeleden fan it slachtoffer net earder as mei de earste reguliere ôffeart nei de fêste wâl kinne.

Provinsje stiet iepen foar petear

Deputearre Avine Fokkens fan de Provinsje Fryslân stiet iepen foar it petear oer de berikberens. "Maar tot nog toe hebben wij nog weinig tot geen contact gehad met de ondernemer", vertelt Fokkens telefonisch. "Wij willen absoluut meedenken en kijken naar oplossingen voor dit probleem", beslút de deputearre.

Rykswettersteat: ferfier yn tsjuster is mooglik

Foar Rykswettersteat is de berikberens fan de Waadeilannen hiel wichtich. "Dêr sette wy ús dan ek seker foar yn", fertelt wurdfierder Anne van der Meer. Neffens de farweibehearder is it nachtlik persoaneferfier net oan de oarder.
"Nachtelijk vervoer van personen is, met inachtneming van de wet en regelgeving, altijd mogelijk." Dat betsjut allinnich dat der net flugger fearn wurde mei mei in wettertaksy as 20 kilometer yn de oere. Dit jildt dan op de haadfarwei/fearboatrûten. "Daarnaast moet er wel worden voldaan aan de wet en regelgeving."
Dêr komt by dat by de kategory 'fluch skip' of 'fearpont' dy't oan de easken foldocht kwa ynrjochting en bemanning flugger fearn wurde mei as 20 kilometer yn de oere.

Berikberens It Amelân al langer ûnder druk

"Vroeger zaten we alleen gesloten met een strenge winter, waar we niet van het eiland af konden door ijsgang. Het is nu net of we door de regelgeving niet van het eiland af kunnen", fertelt Kiewiet.
Brunotte sjocht de berikberens ek hieltyd mear yn de knipe kommen. "Ook voor ons als ondernemers is het zo nu en dan best lastig om alles rond te krijgen."
De fargeul tusken It Amelân en Holwert is al jierren in heikel punt en no't de nachtlike sneltsjinst liket te ferdwinen, is dt noch in 'kopsoarch' mear wurden.
Ek boargemaster Stoel sjocht dat de 'navelstreng' fan it eilân bot ûnder druk stiet.