Boartersguodbank Ljouwert ticht yn drokste tiid fan it jier

Simon de Jong fan de boartersguodbank Ljouwert © Omrop Fryslan
De boartersguodbank yn Ljouwert is op syk nei in nije romte. Se moatte út it pân oan de Koningsstraat yn it sintrum fan de stêd. In tsjinslach foar bern dy't der op oanwiisd binne, want fergees kadootsjes útsykje is foarearst net mear mooglik.
De boartersguodbank sit yn de âlde apoteek oan de Koningsstraat. De eigener fan it pân wol der mei oan de slach. Fan him mei de opslach bliuwe, mar past in winkel net. "Dat wisten wy ek wol", seit Simon de Jong fan Stichting Rijk voor Arm. Dy beheart de bank.
Boartersguodbank Ljouwert ticht yn drokste tiid fan it jier
"Wy soenen hjir tydlik sitte, in heal jier, mar dat is no al in jier." Bern dêr no ûntfange is ek gjin opsje. Oeral binne smelle gongen en op- en ôfstapkes. "Dit is gjin romte foar bern."

Bonnen om te learen

It betsjut dat minsken gjin twaddehânsk Sinteklaaskado's keapje kinne. Gewoanwei krigen minsken dan tegoed, as se oanmeld wienen fia in helpferlieningsorganisaasje lykas de Voedselbank, mar dat kin dit jier dus net.
"Mei dat tegoed, in bon, kinne bern dan wat keapje. Dat is fiif euro yn de moanne. Se meie ek sparje mar dan maksimaal seis moannen. Dan leare se ek mei jild omgean."
Mei dizze bonnen kinne de bern boartersguod 'keapje' © Omrop Fryslan
De Jong fersoarget noch wol gewoan de jierdeisboksen foar as bern harren jierdei hawwe, mar minsken kinne dus neat yn de winkel keapje. De Jong is op dit stuit yn petear mei de gemeente foar in pân.
Se wolle graach in pân dat yn it sintrum sit, mar dat ek te beteljen is. De enerzjyrekken wie dêr oant no ta noch net iens yn meinaam. Der is no in pân yn de nominaasje, mar de gemeente moat noch grien ljocht jaan.