Wettertaksy mei Flylanner skoalbern net mear troch it tsjuster; âlders ha noed nei ûngelok

De Zeehond ûnderweis © Omroep Zilt. Lennard Geerts
De wettertaksy dy't skoalbern fan Flylân nei Skylge bringt, giet op 't heden in oere letter fuort. In tal âlders hat noed oer farre yn it tsjuster.
'De Zeehond' giet yn plak fan 07.30 oere no om 08.30 oere rjochting Skylge. De soargen binne ûntstien nei de oanfarring yn it tsjuster tusken de wettertaksy Stormloper en de fearboat Tiger yn oktober. Dêrby kamen trije minsken om it libben. In jonge fan tolve jier wurdt noch fermist.
Troch de lettere fertrektiid komme de bern ek letter oan op skoalle. 't Schylger Jouw, de skoalle op Skylge, lit witte dat it húswurk fan de bern oanpast wurdt sadat se neat fan it ûnderwiis misse.
De maatregel jildt oant de maitiidsfakânsje.