HEA! Fytse en rinne tagelyk

HEA! Goeie Eliptigo
It is in fyts dêr't je op steane en dy't oandreaun wurdt troch pedalen lykas in op in crosstrainer, dat is in Elliptigo. Jurjen Terpstra is der wei fan, hast alle dagen is hy der mei op út. Ritsjes fan 80, 90 kilometer binne gjin útsûndering.
De fyts is eins fan syn frou, mar dy die der net safolle mei. No is Terpstra der sels safolle mooglik mei op 'en paad, it is neffens him eins in folsleine workout lykas yn in sportskoalle. It wurket foar Terpstra ferslaavjend en hy bliuwt der superfit by.