Andries en Danny Noppert dóchs famylje: efter-efter-efter-efter-efter-efter-efterneven

Andries en Danny Noppert © Orange Pictures | Omrop Fryslân
Andries Noppert en Danny Noppert: twa topsporters op in WK mei in mienskiplik ferline. Hoewol't it fier fuort is, stamme se beiden ôf fan deselde 'oer-Noppert'.
Beide Nopperts komme fan De Jouwer, dêrom is it gjin gekke gedachte dat sy famylje wêze soene. Doelman Andries stiet bekend as de 'Tower from De Jouwer', darter Danny hat op it poadium de bynamme 'The Freeze' krigen.
In soad minsken tinke dat beide manlju gjin famylje fan inoar binne, mar úteinlik komme sy dochs út deselde Noppert-dynasty. Beide Noppert-takken komme yn de 18de iuw byinoar, yn in rjochte line nei har fiere foarfaar Jan Otten ta.
De ôfstammingsrige mei Andries en Danny (links) nei har mienskiplike foarfaar (rjochts) © Omrop Fryslân
It lit him dreech útlizze, mar Danny Noppert is offisjeel sjoen in efter-efter-efter-efter-efter-efter-efterneef fan Andries Noppert. Beiden hawwe Jan Otten as stamheit, njoggen generaasjes werom.

Ofstammelingen fan twa bruorren

Jan Otten wie de heit fan de bruorren Hendrik en Jacob Noppert. Danny Noppert stamt ôf fan Hendrik, Andries Noppert stamt ôf fan Jacob.
De akten wêryn't Jacob Jans Noppert (1745-1829) en Jan Hendriks Noppert (1756-1827) har efternamme fêstleine © Tresoar | AlleFriezen
Doe't alle famyljes yn de Frânske tiid in efternamme fêstlizze moasten, waard de namme 'Noppert' twa kear ynskreaun. Jacob Jans Noppert, de foarfaar fan Danny, naam de namme yn 1812 as earste oan foar syn neiteam.
In moanne letter naam ek syn omkesizzer Jan Hendriks Noppert de efternamme oan op De Jouwer, dêr't úteinlik de doelman fan De Jouwer fan ôfstamt. De heit fan dizze Jan wie doe nei alle gedachten al ferstoarn, dêrom naam hy as soan de namme oan.

Friezen út Oerisel

De bruorren Hendrik en Jacob wiene de earste foarâlden dy't yn Fryslân wennen. Fan Jan Otten, de fierste foarfaar fan beide manlju, witte wy dat er yn it jier 1699 yn Beulake berne is. Hy troude yn Oldemarkt, dêr er ek âlderling wie by de tsjerke. Hy krige bern yn Kalenberg.

Famylje yn de turf

Likegoed de tak fan Danny as de tak fan Andries hat in ferline yn de feanterij. Fan Jacob Jans Noppert, de foarfaar fan Danny, witte wy dat er om 1770 hinne aktyf wie as feanbaas by Alde- en Nijehaske. En Jan Hendriks Noppert, de fiere pake fan Andries, wie yn 1817 turfmakker yn Aldehaske.
De oarsprong fan beide Nopperts leit yn de kop fan Oerisel. De famyljes ferhuzen yn de 18de iuw nei Fryslân. Hendrik Jans Noppert wenne yn 1756 al yn Aldehaske en syn broer Jacob wenne dêr yn elts gefal yn 1768 al.
De omkriten fan Nijehaske om 1732 hinne © Orizjineel yn kolleksje Fries Museum
Yn it ôfreizgjen nei Fryslân stiene de Nopperts net op harsels. Nei 1750 ferhuzen in soad feanwurkers út de kop fan Oerisel wei. Stadichoan rekke it dêr útfeante. Dêrom lutsen de turfgravers fierder it fean yn nei it Noarden, dêr't de grûn ek nochris betelber wie.
Dizze 'arbeidsmigranten' lutsen benammen nei Haskerlân en Skoatterlân. Yn de twadde helte fan de iuw ferhuzen mear as 750 húshâldingen nei Fryslân. In soad migranten wiene famylje fan inoar. Sy foarmen in hechte, mar faak ek earme mienskip.

'Boomtown' Aldehaske

Aldehaske wie in 'boomtown', it tal ynwenners fan it doarp ferdûbele. Om't de feanwurkers út de omkriten fan Giethoorn kamen, waarden sy 'Gitersken' neamd.
De Gitersken waarden de Friezen oermânsk. Sy namen har eigen dialekt mei, mar ek typyske Giterske efternammen lykas Ketellapper, Mink en Krikke. Yn 1800 wie sa'n santich persint fan de ynwenners fan Aldehaske fan Giterske komôf.
Aldehaske kaam troch it turfgraven tusken it wetter te lizzen (kaart út 1766) © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De Giterske ferfeanters namen it 'slachturvjen' mei, wêrby't der grutte wetterplassen efterbleaune. Sa ek yn de omkriten fan Aldehaske: it Nannewiid is noch in oerbliuwsel fan dizze wurkwize. Guon sprutsen der skande fan, want it greidelân feroare yn wetter. De dyk tusken De Jouwer en It Hearrenfean drige sels fuort te spielen.
Oan de ein fan de 18de iuw lutsen de Gitersken wer fierder de provinsje yn en yn de rin fan de jierren gie de groep hieltyd mear op yn de Fryske befolking.
Sa waard ek de famylje Noppert in begryp yn de omkriten fan De Jouwer, lyk as de twa Nopperts dy't dizze moanne beiden op in WK steane.
Op 3 desimber om 16.00 oere kin Andries Noppert wer yn aksje komme op it WK fuotbal yn Katar. Syn fiere neef Danny Noppert mei op 23 desimber om 21.00 oere spylje op it WK darts yn Londen.