Oekraïners krije opfang yn De Klinze yn Aldtsjerk

De Klinze yn Aldtsjerk © RTV NOF
Fan troulokaasje nei bêdesaak nei opfang foar flechtlingen: De Klinze yn Aldtsjerk hat ferskate funksjes hân, mar op dit stuit ferbliuwe der goed tritich Oekraïners dy't flechten foar de oarloch yn harren lân.
De earsten kamen twa wiken lyn oan. It wie pionierjen foar eigeners Dirk en Pauline van der Meulen, want it is net wat se gewoanwei dogge. Sy hawwe in bêdesaak. Klanten koene in bêd teste troch in nachtsje proef te sliepen yn De Klinze. "De ûnderfining mei klanten en konneksjes ha wy fansels wol, mar it maatskiplike stikje dêrby is wol nij foar ús", fertelt Dirk.

Alde keamers werombrocht

Dirk en Pauline wennen sels ek yn it haadhûs, mar binne ferhuze nei it hûs dernjonken, sadat se de doarren iepenje koene foar Oekraïners dy't in plakje nedich hawwe. Yntusken binne der goed tritich oankaam. Foar elk leit der in startpakketsje, sadat se efkes foarút kinne.
De Klinze hat grutte iepen romten, dy't komme út de tiid dat der feesten en brulloften holden waarden. Yn earste ynstânsje pleatsten de Van der Meulens tuskenskotten om de famyljes fan inoar te skieden. Mar se woenen de húshâldingen mear privacy biede en bouden echte wanden, sa't se der eartiids ek al yn sieten.

"Elkenien wol inoar helpe"

Ek is der in mienskiplike wenkeamer en in grutte iepen keuken mei seis gasstellen. Elk gesin hat syn eigen kuol- en foarriedkast. "Wy sjogge in moaie wikselwurking tusken de minsken", fertelt Pauline. "Mar wy krije ek seker wat werom. As der nije gasten komme, meitsje wy mei ús allen de keamer klear. Elkenien wol inoar helpe."

"Wij waren in shock"

Ien fan harren is Ann. Mei har twa soannen flechte se út Cherson, in al befrijde mar swier troch de Russen troffen stêd. Se moast har earst yn de eagen wriuwe doe't se foar it earst de steatlike oprydleane fan De Klinze opried. "Ik wie ferbjustere, want ik koe my net foarstelle dat we op sa'n geweldich plak ferbliuwe soene. Wy wiene yn shock."
Har man moast Ann út need yn Oekraïne achterlitte. Hy besleat by syn âlden te bliuwen. "Wy bidde foar bettere tiden. Wy wolle dat de oarloch ophâldt", seit Ann. Se is dan ek út de skroeven dat Pauline en Dirk har hûs foar har en har soannen iepensteld hawwe. "It binne hiel goede minsken."