Dûbel gefoel by fiering fiif jier Search And Rescue

SAR en trije partnerorganisaasjes krije in tegel fan de Stichting Tegen Zinloos Geweld © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De frijwilligers fan Search and Rescue Nederlân fierden tongersdeitejûn yn de Prinsetún yn Ljouwert dat de organisaasje fiif jier bestiet. SAR waard yn Fryslân oprjochte by de syktocht nei de fermiste Remon Bruinsma yn Ljouwert.
SAR en trije partnerorganisaasjes krigen fan de Stichting Tegen Zinloos Geweld de bekende tegel mei it reade ingeltsje. Op it plak tsjinoer de Prinsetún, dêr't in moanne nei syn fermissing it stoflik omskot fan Remon fûn is, kamen acht quads fan de SAR by elkoar en wie der sjampanje.
Fiering fiif jier Search and Rescue
De oanlieding foar it boargerinisjatyf SAR wie net goed, seit Pascal Jonkers fan SAR. "Maar het feit dat we hier het glas hebben kunnen heffen is wel dankzij de vermissing van Remon. En wij hebben elke keer zijn gouden vleugels mee op onze zoektochten en dat voelen wij ook. We konden het niet nalaten hier ons jubileum te vieren."
Dat dienen de frijwilligers mei acht quads dy't it ljocht skynden op it plak tsjinoer de Prinsetún, dêr't Remon yn it wetter fûn is. "Heel bijzonder, een kippenvelmomentje", fynt Jonkers.
Yn restaurant De Koperen Tuin krigen de organisaasjes SAR en trije partners de stoeptegel. In feestlik momint, mar ek dûbel. "Het is een moment van bezinning. En van: jongens, we doen het met elkaar. Anders gaat het ook niet", seit Irma van der Mee fan de stichting.
De stoeptegel tsjin sinleas geweld © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
"Je moet het met elkaar doen om de vermissingen bij de mensen thuis te brengen. Maar ook om het zinloos geweld tegen te gaan. Dan past dit heel mooi op zo'n dag om dat onder de aandacht te brengen."
De Stichting Tegen Zinloos Geweld bestiet 25 jier. Dy waard oprjochte nei de dea fan Meindert Tjoelker. Yntusken binne der mear as tsientûzen stoeptegels útdield en dy lizze yn hiel Europa.
De speech fan Pascal Jonkers by de fiering fan fiif jier Search and Rescue