Gemeenteried Amelân jout unanym akkoart foar bou De Nieuwe Stelp

It ûntwerp foar De Nieuwe Stelp © Gemeente Ameland
De gemeenteried fan Amelân hat unanym ynstimd mei de bou fan âldereinsintrum De Nieuwe Stelp en it jild dat dêrfoar nedich is.
It kolleezje fan it eilân stimde ôfrûne moanne al yn, mar de ried moast noch in ekstra kredyt beskikber stelle. De ynvestearring falt nammentlik hast tsien miljoen euro heger út as de 'businesscase' dy't earder oan de ried presintearre is. It kostet yn totaal 23,5 miljoen euro.
Dochs fynt ek de ried it in goede stap, om't de soarch fan KwadrantGroep levere wurde moat yn in gebou dat oan de hjoeddeiske easken foldocht. It Amelân wrakselet al jierren en jierren mei de plannen foar in nij âldereinsintrum. Der leine ferskate plannen op tafel.
De 23,5 miljoen euro binne nedich om de hjoeddeiske Stelp oan te keapjen en te slopen, de sportlokaasje yn Hollum oan te passen en te ferbetterjen, de iepenbiere romte om de nijbou hinne te ferbetterjen en foar de bou sels.
It is de bedoeling dat de bou yn it twadde fearnsjier fan 2023 begjint en dat it ein 2024 klear is.