Kolleezje Hearrenfean wol fernijd gemeentehûs op hjoeddeistige plak

Crackstate op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Hearrenfean moat in fernijd gemeentehûs krije op it hjoeddeistige plak. Dat stelle boargemaster en wethâlders foar oan de gemeenteried. Der wurdt al jierren praat oer in nij gemeentehûs.
Nijbou is nedich omdat de jierlikse ûnderhâlds- en enerzjykosten heech binne, trochdat it gebou ferâldere is. De ôfrûne tiid is sjoen nei oplossingen, bygelyks nei folsleine sloop en nijbou fan it besteande gemeentehûs, wêrby't it histoaryske gebou Crackstate der gjin ûnderdiel mear fan wêze soe.
Dy opsje is it goedkeapste, mar út ûndersyk hat bliken dien dat in soad minsken Crackstate net misse wolle. De gemeenteried nimt ein desimber in beslút.