Hoe't Griet Wiersma de ôfwaskboarstel foar de mikrofoan ynruile
Griet Wiersma fan Driezum omearmet it Fryske libbensliet. Yn Noardewyn fertelt de sjongeres ûnder oare oer hoe't se úteinlik op it poadium telâne kaam. Dúdlik wurdt dat har sus Martha dêr in rol yn spile. "'Dat kring... ', tocht ik daliks."
Se sjongt yn teäters, op bedriuwsfeesten, toerde mei Teake van der Meer en Minze Dijksma troch Fryslân, en wurke yntusken oan nije albums. De lêste samling nûmers hjit Oars as oars. In muzikaal boeketsje fan Fryske en Ingelsktalige ferskes.
Oars as oars
Foar dy tiid wurke Wiersma mei orkestbantsjes. "Dan koest op in knopke drukke en dan heardest de drums. Dat is no allegear oars. It album is yn de studio fan Nico Outhuijse opnaam. Dêr waard de muzyk ynspile troch bygelyks Hubert Heeringa. In firtuoas en fantastyske fint."
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandeis oant en mei tongersdeis 1-op-1-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, belústerje it as podcast of besjoch it op YouTube. Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
It is in oare wize fan wurkjen (sadwaande Oars as oars), dy't de sjongeres oansprekt. "Ien sei al tsjin my: 'No kinst net mear werom nei de bantsjes.' En dat kloppet. It klinkt op dizze wize sa moai."
Unferwachts telefoantsje
In karriêre as sjongeres is net wat dat se altyd foar eagen hie. Krekt oarsom. "Ik hie my dêr noait mei dwaande holden. De iennichste mominten dat ik song wie ûnder de dûs en by it ôfwaskjen mei myn sus Martha."
Sy hie der wol fidúsje yn dat Griet nochris op de planken komme soe. "'Do kinst sa moai sjonge, doch dêr no ris wat mei', sei se dan. Mar ik moast der net oan tinke. Seker net foar publyk. Ik woe noait op 'e foargrûn stean. Sjongeres wurde hearde dus net ta de opsjes."
Griet Wiersma & freonen wie lêsten yn Noardewyn Live yn ferbân mei it album 'Oars as Oars':
Oant op in dei de telefoan gie. "Ja hallo, jo hiene reagearre op de krante-advertinsje foar sjongeres? Goed nijs, jo kinne delkomme foar in audysje yn Feanwâlden. 'Dat kring...' tocht ik fuortendaliks. Dat moat Martha west ha."
Gespannen yn de wachtkeamer
It bliek de triuw yn de rêch te wêzen dy't se nedich hie. Wiersma woe har net kenne litte, fertelt se. En dus gong se rjochting Feanwâlden. Yn de wachtkeamer sieten fiif lotgenoaten. Klear om alles út 'e kast te heljen.
Se kaam der al gau efter dat dizze froulju folle mear ûnderfining hiene as sy. Nei in nûmer fan Boney M en George Baker spile te hawwen, gie se foldien nei hûs ta. "De kâns dat se my kieze soene, achte ik lyts. Mar ik hie it yn alle gefallen dien."
Do komst streekrjocht achter it oanrjocht wei. Dêrom bist noch kneedber.
Fjouwer wiken gongen foarby. "Dêr hear ik neat mear fan, tocht ik. Mar doe waard ik dochs belle. Oft ik op petear komme koe. Se keazen foar my. Ta myn fernuvering. Ik frege dan ek wêrom't de kar op my foel. 'Do komst streekrjocht achter it oanrjocht wei. Dêrom bist noch kneedber', waard my ferteld."
Sa kaam it dat Wiersma dochs achter de mikrofoan kaam te stean. Ek krige se hieltyd mear fertrouwen op it poadium. In plak dêr't se earst mei knikkende knibbels plaknaam. "Dat kin ik my troch al dy optredens no net mear foarstelle. "
Frysk Hynder
Troch it nûmer Frysk Hynder kloppe se serieus op de doar fan de Fryske muzykwrâld. "Doe wie it stek fan de daam. Foar my en it hynder", grapket Wiersma. Se wit noch goed hoe't it nûmer ta stân kaam. "Foar Simmer 2000 waard my frege in ferske te skriuwen. Dat fûn ik prima, mar ik sei wol dat ik allinne noch wat op papier krigen hie foar Sinteklaas."
"Ik wie oan it tinken wêr't ik oer skriuwe soe, doe't myn man Leo en ik by syn broer en frou op 'e kofje gongen. Syn broer fokte Fryske hynders en sei dat oer dat bist noch noait in moai Frysk nûmer oer skreaun is. It wie tiid foar in oade." Se wûn wat ynformaasje by him yn, skarrele de melody op fan Patrona Bavariae fan it Naabtal Duo, en sette har tekst derûnder.
Fergroeid mei Fryslân
It nûmer is noch oerset yn it Nederlânsk. Mar dat komt lang sa goed net oer as de Fryske ferzje, mient Wiersma, dy't har muzyk ek it leafst skriuwen bliuwt yn har memmetaal. "Ik bin fergroeid en fertroud mei de Fryske provinsje. Dat fielst benammen ast even fuortwest hast", seit se.
"Ik hearde lêsten ien sizzen: 'Wa't net fan hûs is, ken de wille fan thúskommen net'. Dat is in moaie, fyn ik. En foar my is dat plak fan thúskommen myn Fryske lân."
De list fan Griet Wiersma
Artyst | Nûmer |
Griet Wiersma & Hendrik Waringa | Wings of a snowwhite dove |
Bruce Springsteen | If I should fall behind |
Griet Wiersma | If only |
De Hûnekop | Wy kam fram Fryslân |
Griet Wiersma | Fryske lân |