Twadde Keamer wol jild foar Thialf, mar minister wol neat tasizze

Minister Conny Helder fan Sport (rjochts) mei deputearre Friso Douwstra en Thialf-foarsitter Janny Vlietstra © Omrop Fryslân
It nasjonale reedrydsintrum Thialf op It Hearrenfean mei dizze winter net omfalle fanwege de hege enerzjykosten. Dat hat de Keamerkommisje 'Sport en bewegen' tongersdei sein yn in ekstra gearkomste oer de sportbegrutting foar takommend jier.
Op foarstel fan VVD-Keamerlid Rudmer Heerema wol de Keamerkommisje Thialf as iennichste iisbaan fan Nederlân taheakje oan de regeling fan it ministearje om swimbaden iepen te hâlden.
Foar swimbaden is budzjet beskikber om de hegere enerzjylêsten betelje te kinnen. Troch Thialf as iennichste iisbaan tagong te jaan ta deselde regeling kin de reedrydbaan troch de winter holpen wurde, sa is it idee.

Brede stipe

VVD, CDA, D66, PvdA, GrienLinks, SP en PVV steane allegearre achter dit foarstel, mar ta argewaasje fan Keamerlid Michiel van Nispen (SP) woe sportminister Conny Helder net sizze wat se mei dit foarstel dwaan sil. "Op uw vraag of ik dit voorstel ga uitvoeren zeg ik geen ja en geen nee", sei de minister ta grutte frustraasje fan de Keamerkommisje. "Deze reactie is een minister van sport onwaardig", sei de SP'er.
Twadde Keamer wol jild foar Thialf, mar minister wol neat tasizze
De minister neamde Thialf wol 'een topsportlocatie van belang', mar sei der net by hoe't se de iisbaan iepen hâlde wol. De minister nûge ûnder de skorsing fan de gearkomste de Thialf-delegaasje op de publike tribune út om nei de gearkomste mei har troch te praten op har ministearje. Deputearre Friso Douwstra en foarsitter Janny Vlietstra fan de Ried fan Kommissarissen fan Thialf giene fansels op dy útnûging yn.
Neffens Douwstra is sa'n petear ek nedich om de minister út te lizzen hoe heech de need op It Hearrenfean is. "It kloppet dat it Ryk en wy al langer oer Thialf prate. Mar dan giet it oer it duorsumer meitsjen fan de iisbaan en in sûne eksploitaasje op lange termyn. Mar de iisbaan hat no ek in akút probleem troch de hege enerzjylêsten. As dêr gjin regeling foar komt, moatte we de iisbaan slute. Dêr wolle we it mei de minister oer hawwe."
Thialf © Omrop Fryslân, Darshan Boerema
De wurdfierder fan de minister liet nei ôfrin wite dat se 'een goed en informatief' petear hân hie mei de Fryske delegaasje, mar dat se hjoed noch neat sizze kin oer wat it Ryk fierder foar Thialf dwaan kin.

Needfûns foar amateurferienings

De sportkommisje yn de Keamer wie ek tige kritysk op it foarstel fan de minister foar in needfûns foar amateurferienings dy't troch hege enerzjylêsten driigje om te fallen. Yn dat needfûns sit 6 miljoen euro.
Neffens Twadde Keamerlid Mohammed Mohandis (PvdA) is dat fierstente min. "De regeling komt te laat en er zit te weinig in. Het is één grote gatenkaas." Mohandis tinkt dat 10 oant 20 persint fan de sportferienings al op ridlik koarte termyn omfalle kin, as der net mear stipe fan de oerheid komt.
De ekstra gearkomste fan de sportkommisje wie nedich, omdat minister fan Soarch en Sport, Conny Helder, ôfrûne moandeitejûn it fleantúch nei Katar helje moast foar it WK fuotbal en politike ôfspraken dêr. De Keamerkommisje wie dêr min oer te sprekken.

'Diplomatieke blunder'

It lytse 'one love-spjeldsje' dat de minister op hie by de fuotbalwedstriid Nederlân-Katar, mei dêr oerhinne in grutte sjaal mei it opskrift 'nevermind', makke it der net folle better op.
Van Nispen hie it oer 'een diplomatieke blunder'. Lisa Westerveld fan GrienLinks frege de minister om in wiidweidich ferslach fan alle petearen dy't de minister yn Katar fierd hie. "Ik wil graag weten wat u daar precies hebt bereikt voor de mensenrechten en de buitenlandse arbeiders."
De Twadde Keamer stimt nije wike tiisdei oer it foarstel om iisstadion Thialf ta te heakjen oan de regeling om swimbaden troch de winter te helpen en ek oer de foarstellen om te foarkommen dat amateurferienings omfalle as gefolch fan de hege enerzjyprizen.