Fryske boeren protestearje ek tsjin twangsommen by provinsjehûs yn Zwolle

Fryske boeren by it provinsjehûs fan Oerisel © RTV Oost
By it provinsjehûs fan Oerisel yn Zwolle protestearje op it stuit boeren út ferskate gemeenten tsjin twangsommen. Der is ek in groep Fryske boeren oanwêzich, befêstiget RTV Oost. Der binne twa minsken oppakt.
De boeren wolle dat de provinsje Oerisel ophâldt mei it oplizzen fan twangsommen oan boeren. De provinsje is dêr sels ek net wei fan, mar moat dat dwaan nei in útspraak fan de rjochter yn novimber.
It giet om PAS-melders. Dat binne bedriuwen dy't earst gjin natuerfergunning nedich hiene, mar no wol. Oerisel wol leaver net hanthavenje, omdat de bedriuwen der net in soad oan dwaan kinne soenen dat se de juste fergunning net ha.
"Der moat wat barre, dit kin sa net langer", seit in Fryske boer tsjin RTV Oost. "Gewoon ter ondersteuning. Het is een keer genoeg. Iedereen verschuilt zich achter elkaar, maar dit moet nu van tafel. Zo ga je niet met mensen om."
Boereprotest yn Zwolle © RTV Oost
De plysje wie om tolve oere hinne dwaande om de wei foar it provinsjehûs frij te meitsjen, dêr waard in shovel by brûkt. Ien man woe dat foarkomme troch derfoar stean te gean. Hy is oppakt, meldt it ANP.
De plysje meldt dat it klearstiet mei ûnder oare ME om de demonstraasje "te faciliteren en in goede banen te leiden". In wurdfierder lit witte dat der gjin fertsjintwurdiger fan de provinsje yn petear gean sil mei de boeren.