HEA! It hûnefroutsje fan De Lemmer

HEA! It hûnefroutsje fan De Lemmer
Se stiet bekend as it hûnefroutsje fan De Lemmer. Alexandra Swertz hat goed 15 jier in hûne-útlitservice, mar se sit al 45 jier yn it bistefak. Fanwege har sûnens moat se der ynkoarten mei ophâlde en dat docht har sear.
Eins tinkt se dat se sels ek in bist is, want se begrypt se sa goed. En hoefolle hûnen der ek binne, se lústerje altyd en se hat se altyd ûnder kontrôle. Se fynt it hearlik om yn waar en wyn mei de hûnen derop út te gean.