Museumfederatie Fryslân ropt alle gemeenten op musea aktyf te stypjen

Direkteur en museumkonsulint Mirjam Pragt fan Museumfederatie Fryslân © Omrop Fryslân
Museumfederatie Fryslân wol in aktive oanpak fan gemeenten by it stypjen fan musea. De organisaasje docht dy oprop yn in brief oan alle Fryske gemeentebestjoeren.
Musea ha it al langer dreech troch de coronakrisis en mei de hege enerzjykosten yn de faak histoaryske en monumintale gebouwen. Boppedat wurdt der in flinke leanstiging ferwachte, dêr't neffens de federaasje de measte musea gefolgen fan ûnderfine sille.

Hierferleging

By Museumfederatie Fryslân binne santich musea oansletten. De organisaasje hopet dat de gemeenten dy stypje kin, sadat se net ticht hoege. "Een museum dat de deuren moet sluiten en is verdwenen, komt nooit terug", skriuwt direkteur Mirjam Pragt fan Museumfederatie Fryslân yn de brief.
De gemeentebestjoeren krije it advys om yn petear te gean mei de musea en te sjen nei hoe't se dy stypje kinne. De federaasje pleitet ûnder mear foar it ferleegjen of befriezen fan de hier fan gemeentlike gebouwen dêr't in museum yn sit. Ek in fergoeding foar enerzjy- en ynflaasjeskea soe neffens de organisaasje in goed plan wêze.

Toerisme

Fierder soene musea stipe krije moatte by it oanlûken fan mear besikers. "Er liggen zeker kansen voor de toekomst bijvoorbeeld met het toenemende toerisme, maar die kansen moeten wel gegrepen kunnen worden."