De Doelleazen mei 5,4 miljoen streams faakst streamde Frysktalige artyst

De Doelleazen © De Doelleazen
De Doelleazen binne de meast streamde Frysktalige artyst fan it ôfrûne jier. Op streamplatform Spotify waarden harren nûmers yn de ôfrûne tolve moannen 5,4 miljoen kear belústere.
Sy steane dêrmei boppe De Kast en De Hûnekop. "Dit is machtich", seit Ronald Wielstra, ien fan de mannen fan de groep. Mei it bekendmeitsjen fan de jierlikse Wrapped op it platfoarm krije harkers en artysten in oersjoch it ôfrûne jier. In soad minsken diele de listjes mei meast beharke ferskes en artysten op sosjale media.
"Dat folgje wy fansels ek. Wy krije dy listjes en wy komme der geregeld yn foar", seit Wielstra. "Dêr binne wy grutsk op, it is in soarte fan kroan op ús wurk."
De Doelleazen meitsje in miks fan "lústermuzyk en losgean", sa omskriuwt Wielstra it. "Wy prate de taal fan de jeugd ek wol wat, en dat slacht oan." En benammen de jeugd is fan it streamen fan muzyk, tinkt er. "Dy binne fan de playlistjes."

Trochbeuke

De Doelleazen ha in part fan it sukses te tankjen oan de ôfrûne twa jier. "Hiest corona, doe hienen we seeën oan tiid. It begûn wat mei Simmerdei yn 2020. Wy binne trochgien, en ha der yn coronatiid twa albums útbeukt. Wy beuke troch, wy stopje net."
Yntusken binnen de manlju dwaande oan harren sechsde album.