De Ljouwerter jierren fan de Amerikaanske bûnscoach Gregg Berhalter

Gregg Berhalter op it WK yn Katar © ANP
Op it wrâldkampioenskip fuotbal stiet it Nederlânsk alvetal sneontemiddei om 16.00 oere tsjinoer Amearika. By dy ploech is Gregg Berhalter de bûnscoach en dy namme kenne se noch yn Ljouwert.
De 49-jierrige Berhalter spile tusken 1998 en 2000 twa seizoenen foar Cambuur. De sintrale ferdigener kaam ta 56 kompetysjewedstriden yn it gielblau wêryn't er twa kear skoarde. Hy wie al rap in publyksfavoryt om't er altyd foarop gie yn 'e striid. Berhalter waard beide seizoenen útroppen ta spiler fan it jier.

'Dijkhuizen werd helemaal gek'

"Het is een fantastische jongen", ropt Gert Kruys daliks oan de telefoan as him frege wurdt nei Berhalter. Kruys wie yn Ljouwert de trainer fan de Amerikaan. "Hij is oprecht één van de leukste jongens waar ik mee gewerkt heb. En toen al heel vooruitstrevend, altijd veel voor zichzelf bezig na de training bijvoorbeeld."
Met zijn mentaliteit compenseerde hij zijn beperkte voetballende vermogen.
Sandor van der Heide spile twa jier lang mei Berhalter by Cambuur
Dat lêste wit ek Sandor van der Heide noch wol. "Hij moest ook wel. Met die mentaliteit compenseerde hij zijn beperkte voetballende vermogen. Hij ging altijd voorop in de strijd, stopte nooit met werken en daarom is hij zover gekomen in zijn carrière. Maar dat kwam niet omdat hij zo goed kon voetballen."
Dochs soarge dy mentaliteit ek wolris foar argewaasje yn de spilersgroep, seit Van der Heide: "Hij gaf altijd honderd procent, ook op de training. Dan moest hij altijd Dijkhuizen verdedigen, en die werd helemaal gek. Die dacht: rustig aan, zaterdag weer voetballen maar Gregg gaf hem geen enkele ruimte. En na afloop was het dan weer een hele aardige, vriendelijke jongen."

Krystkaarten

In freonlike jonge dy't noch lang yn kontakt wie mei syn âld-trainer, fertelt Kruys. "Ik heb nog jarenlang een kerstkaart van Gregg en zijn gezin gekregen. Tot ik een paar jaar geleden verhuisd ben, toen is dat contact wat verwaterd. Maar het geeft aan wat voor gouden jongen het is."
Gregg Berhalter as bûnscoach op it WK fuotbal yn Katar © Orange Pictures
Sawol Kruys as Van der Heide hiene nea tocht dat Berhalter trainer wurde soe. Neffens Van der Heide hat Berhalter him op taktysk gebiet dan ek flink ûntwikkele sûnt syn tiid as spiler. "Dat vind ik echt heel knap. Hij was een keiharde verdediger, en meestal zie je dan dat zulke trainers hun ploeg ook verdedigend laten spelen", leit hy út. "Maar Gregg laat dit Amerikaanse team fris, aanvallend voetballen. Dat is heel leuk om te zien en totaal niet hoe ik hem ken als speler."

'Amerika speelt met het hart'

Beide manlju ferwachtsje sneon in spannend duel. "Amerika speelt echt met het hart, Nederland met weinig passie. Ik denk dat het best wel eens dicht bij elkaar kan liggen", tinkt Kruys.
Van der Heide neamt ek it dynamyske fan de Amerikaanske ploech. "Zij spelen echt om de goal te maken, Nederland speelt om niet te verliezen. Maar op basis van individuele kwaliteit schat ik Nederland nog altijd wat hoger in. Het kan alle kanten op."