'Swart senario' foar Ljouwert: oant 2025 gjin festivals yn Griene Stjer

Welcome to the Village yn de Griene Stjer yn 2017 © ANP
Rekreaasjegebiet De Griene Stjer yn Ljouwert is nei alle gedachten pas yn 2025 juridysk klear om festivals te ûntfangen. Dat is nei foaren kaam op it spoeddebat yn de gemeenteried woansdei. Riedsleden hawwe it oer in swart senario. "Festivals zijn de stad uitgejaagd."
It giet dan om de festivals Welcome to the Village, Psy-fi en Promised Land. Sy besleaten koartlyn om takom jier gjin festival yn Ljouwert te organisearjen.
"De onzekerheid die zij hebben over de omvang waarin een festival in De Groene Ster kan worden georganiseerd, ligt ten grondslag aan dat besluit", seit ûnder mear D66, dy't it inisjatyf naam foar in spoeddebat.

Bestimmingsplan

In wichtich ûnderdiel foar it bliuwen fan festivals is in nij bestimmingsplan. Dy moat it makliker meitsje om festivals te organisearjen en rjochterlike prosedueres - lykas de lêste jierren it gefal wie - foar te kommen.
Mar it bestimmingsplan rint al jierren fertraging op. De ferwachting is dat it takom jier simmer oanbean wurdt oan de gemeenteried.
Dêrnei is de kâns grut dat der in beswier op komt fan ûnder oare de stichting Groene Ster Duurzaam. Dat soe betsjutte dat de saak foar de Ried fan Steat komt, wat samar in jier ekstra yn beslach nimme kin.

"Festivals verloren"

De riedsleden lûke dêrút de konklúzje dat der op syn betiidst yn 2025 wer festivals mooglik binne. En sy ferwachtsje net dat Welcome to the Village, Psy-Fi en Promised Land dan wer weromkomme. Neffens FNP, VVD, Lijst 058 en FvD binne dizze festivals foar Ljouwert ferlern.
"Festivals zijn de stad uitgejaagd en komen niet meer terug", sei Marcel Visser fan de VVD woansdei. Dat fynt ek Otto van der Galiën fan Lijst 058. "Het is een treurig zooitje. Festivals zijn economisch goed voor stad en we krijgen ze nooit meer terug."

"Tijdelijk afscheid"

Neffens ferantwurdlik wethâlder Hein Kuiken hat it kolleezje yn it proses faald, mar is der gjin sprake fan it fuortjeien fan festivals. "Ik zie het als een tijdelijk afscheid, geen definitief afscheid", seit Kuiken.
Hy is optimistysk oer de takomst en ferwachtet de festivals wol ferliede te kinnen om úteinlik wer werom te kommen nei Ljouwert.