Hetty Janssen op plak 3 fan PvdA-list foar de Earste Keamer: "Passie voor de politiek"

Hetty Janssen © Omrop Fryslân
Steatelid Hetty Janssen fan de PvdA Fryslân stiet op plak trije fan de kandidatelist foar de nije Earste Keamer. Nei tolve jier ferlit se de Fryske Steaten, mar se wol graach aktyf bliuwe yn de polityk.
"Twaalf jaar is binnen de PvdA een beetje de limiet voor een functie", seit Janssen (68). "Maar ik heb nog wel de passie om me in de politiek te begeven. De Eerste Kamer is een mogelijkheid om nog iets te doen en bovendien een heel belangrijke plek."
Se doelt dêrmei op de rol fan de Earste Keamer: it beoardieljen fan wetten dy't troch de Twadde Keamer skreaun binne. "Hoe kan het dat we zoveel crises hebben in Nederland die zo moeilijk zijn op te lossen? En waarom zijn zoveel mensen het vertrouwen in de overheid kwijt? Mijn analyse is dat dat deels te maken heeft met de kwaliteit van de wetgeving in Nederland."
As senator soe Janssen dêr, as se ferkeazen wurdt, wat oan dwaan kinne. "Wetten zijn slecht te handhaven, soms slecht uitvoerbaar. Wetten worden eerder als beperkend ervaren dan dat het zekerheid biedt. En met name de Eerste Kamer gaat daarover."

Noarden fertsjintwurdigje

Janssen fynt it boppedat wichtich dat Fryslân, of it noarden yn syn algemien, by de PvdA fertsjintwurdige is. "De sociaaldemocratie is in Fryslân, Groningen en Drenthe behoorlijk sterk. In een aantal Friese gemeentes zelfs de grootste. En ik vind dat onze partij overal - in het bestuur en op kandidatenlijsten - een afspiegeling moet zijn van onze leden en kiezers."
Dat Janssen ophâldt as Steatelid yn Fryslân wie al bekend. Se wol plakmeitsje foar 'in nije generaasje'. De ôfrûne jierren wie Janssen de nestor fan de Steaten. By de kommende Steateferkiezingen is Edou Hamstra de listlûker foar de PvdA.
De kandidatelist foar de Earste Keamer soarget wol foar rebûlje binnen de PvdA, skriuwt de NOS. Dat komt troch út in tal karren dy't it lanlike bestjoer makke hat by it fêststellen fan de list. It bestjoer wykt dêrby ôf fan de konsept-kieslist, dy't in partijkommisje ûnder lieding fan Job Cohen makke hie. Twa kandidaten ha har dêrom sels weromlutsen fan de list.
It giet om Ruud Koole en Hamit Karakus, dy't op it stuit beiden foar de PvdA yn de Earste Keamer sitte. De kommisje ûnder lieding fan Cohen woe se op 'e nij yn de Earste Keamer ha, mar it partijbestjoer sette se op in ûnferkiesber plak.

Crone op seis

De kommisje hie ek Ferd Crone - âld-boargemaster fan Ljouwert - op plak tsien set. Hy komt úteinlik fjouwer plakken heger út: op plak seis. Crone stie by de foarige ferkiezingen noch op plak trije en is doe ek yn de Earste Keamer keazen.
Offisjeel wurdt de konsept-kandidatelist fan de PvdA tongersdei presintearre. Op 4 febrewaris stelle de leden de list formeel fêst.
De nije Earste Keamer wurde keazen op 30 maaie 2023 troch de nije Steateleden en de kieskolleezjes op Bonêre, Sint Eustatius en Saba.