NHL Stenden sjocht neat yn plan tsjin werving fan ynternasjonale studinten

© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert is kritysk op it plan fan de Twadde Keamer om op te hâlden mei it aktyf werven fan studinten út it bûtenlân. It slút net oan by de noardlike regio, 'waar internationalisering juist van cruciaal belang is'.
Mei it ferbod op it werven hopet de Twadde Keamer te soargjen foar minder nije studinten. Dat moat wer helpe tsjin it tekoart oan studintewenningen en grôtfolle kolleezjesealen.
"Maar de problemen met studentenhuisvesting zijn in Leeuwarden veel minder groot dan in de Randstad", seit Erica Schaper, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan NHL Stenden.
Een substantieel deel van de studenten uit het buitenland blijft na hun studie in Noord-Nederland wonen.
Erica Schaper
Neffens Schaper is de ynternasjonalisearring yn Fryslân ek hielendal gjin probleem, mar just in oplossing. "Een substantieel deel van de studenten uit het buitenland blijft na hun studie in Noord-Nederland wonen. Daarbij vullen ze ook moeilijke vacatures in."
Op NHL Stenden is sa'n 11 à 12 prosint ynternasjonaal, seit Schaper. Minder ynternasjonale studinten soe foar de hegeskoalle spitich wêze, mar benammen de arbeidsmerk soe neffens Schaper de gefolgen fernimme. "Er zijn dan minder mensen die bijdragen aan een oplossing voor de arbeidstekorten."
It wervingsferbod is in plan fan de Twadde Keamer, mar noch gjin belied. Schaper sil oan de minister freegje om de moasje net út te fieren. "Beter is om met maatwerk voor de Randstad te komen. Fryslân vraagt juist weer een andere benadering."