Opfang yn Grou foar minderjierrige flechtlingen giet net troch

De Frisia Residentie yn Grou © Google Streetview
De opfang fan maksimaal 10 jonge flechtlingen op in yndustryterrein yn Grou giet net troch. Undernimmers yn 'e omkriten fine it in ferstannich beslút. Der wiene 'spanningen' oer de opfang.
Undernimmers yn de omjouwing wiene kritysk en wachten al in skoft op reaksje fan de gemeente op fragen oer de opfang yn Frisia, in gebou mei in bed & breakfast oan de Singel. It wie de bedoeling dat de jongeren tongersdei al komme soene foar in jier.
It soe gean om jongeren fan 15-20 jier, allinnesteande minderjierrige frjemdlingen (amv). Stichting Nidos hat de gemeente Ljouwert witte litten te kiezen foar in duorsumere opfang op in oar plak. De ûndernimmersferiening fan Grou fynt it in goed en tûk beslút.
"Sy meie bêst yn Grou komme, wy hawwe hjir al sa'n 170 Oekraynske flechtlingen yn it doarp. Dy binne mei iepen earms ûntfongen, de bern geane nei skoalle en wy soargje foar aktiviteiten", seit Ivo Krikke fan de ûndernimmersferiening fan Grou.
De fraach is lykwols oft dizze lokaasje wol geskikt wie, jout Krikke oan. "Efter op in yndustryterrein, mei in soad drokte fan trailers mei boaten op de dyk, gjin stoepe of fytspaad."

Fragen oer de feiligens

Krikke fynt it in ferstannich beslút dat de opfang der net komt. "It giet om de feiligens fan de bern. It giet om flechtlingen mei in status, dy't yn Nederlân bliuwe meie. Mar net mear mei âlden. Der bart emosjoneel in soad yn de hollen fan dy bern. Je moatte in feilige lokaasje biede en dat is dit net, wie ús idee."
It pân leit boppedat ticht by wetter en ûndernimmers freegje har ôf oft bern op it plak wol feilich de dyk op kinne.

Spanningen

Der geane ferhalen oer bedriging yn 'e rjochting fan ûndernimmers, mar dêr wol Krikke neat fan witte. "Der binne grif wol wat spanningen, mar it is gjin heechspanning", sa seit hy. "Mar as der soks komt, binne der altyd ferskate belangen. Der wenje ek mear minsken en der is ek wat te dwaan oer de bestimming fan it pân."
Ivo Krikke fan de ûndernimmersferiening fan Grou
De B&B yn it pân mei dat fergunningstechnysk net hielendal wêze, fertelt Krikke. "De ûndernimmer siket in oplossing en fynt dy net. Dat jout ûnwissens oer ynkomsten."
Krikke: "It jout wol spanningen, mar in bedriging nei de ûndernimmer hat der net west. Op de ynformaasjejûn wie wol wat reuring, dêr hat ek previntyf hanthavening by west om dat te fassilitearjen. Mar it is gjin situaasje op heechspanning."

Kommunikaasje

De ûndernimmersferiening hopet wol dat de kommunikaasje yn 't foar tenei better regele wurdt. No krigen sy twa wiken lyn berjocht fan it 'voorgenomen besluit' fan it kolleezje. Dat rôp in soad fragen op by ûndernimmers, wêrnei't wethâlder Nathalie Kramers del komme moast foar oerlis.
Krikke seit noch wol dat Grou graach syn bêst docht om flechtlingen op te fangen, ek yn 'e mande mei it Pleatslik Belang.