HEA! André en Mailo op jacht

HEA! Jachthûn Mailo
Se fine it in machtige hobby: André Brink fan Wytmarsum en labrador Mailo dogge oan jachthûnesport. In goeie jachthûn moat it ôfsketten wyld sa gau mooglik opspoare en werombringe by de jager. By de wedstriden wurdt dy situaasje simulearre.
Tegearre genietsje se fan it bûten wêzen en de moaie plakjes dêr't se komme mei de wedstriden. Mailo en André binne nei jierren fan training yntusken sa goed wurden, dat se útnûge binne foar de Nimrod. Dat is de belangrykste en meast prestizjeuze wedstriid foar jachthûnen. Fan de 18 dielnimmers kaam it duo úteinlik út op in knap 7de plak.