12-jierrich famke út Ljouwert is wer terjochte

© ANP
It famke fan 12 jier út Ljouwert is "in goede gezondheid" oantroffen. Dat meldt de plysje. Se wie sûnt moandei fermist.
It famke wie foar it lêst sjoen op it Beursplein yn Ljouwert. Freonen en famylje wienen woansdei begûn mei in grutte flyeraksje. Flak foar 17.00 oere melde de plysje dat se terjochte wie.
De plysje docht gjin meidielings oer hoe't it fierder mei har giet. "Het is niet in het belang van het meisje om details te delen. En haar belang staat voorop", seit Cick Geers.
Elkenien dy't meiholpen hat by de syktocht wurdt betanke. Fierder ropt de plysje minsken op om dielde bylden of oare berjochten oer it famkje fuort te heljen.