De toan fan Froukje Sijtsma: "Dreame fan de top"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Myn dochter fan sân wol graach mei de piten it dak op. Ik haw gjin idee hoe't se dêr by kaam is. Mar wat se yn de kop hat, hat se net yn de kont. "It is myn grutste dream, mem. Ik wol sa graach mei de pytsjes klimme oer de dakken."
Op it Sinteklazefeest op it wurk fan myn freon komt har grutte dream foar it earst oan it ljocht. Yn har pears-rôze fluwielen pitepakje draaft se fol spanning de treppen op nei de kantine ta dêr't Sinteklaas komme sil.
"Mem, wêr bliuwt J. eins?" Dy fraach siet der fansels oan te kommen. Yn it foar hienen myn freon en ik betocht dat ik sizze soe dat hy foar in spoedklus nei in metrostasjon yn Amsterdam moast. En dêrom hie syn telefoan ek gjin berik.
De toan fan Froukje Sijtsma
Mar safier komt it net. It wyfke krijt in springkessen yn de kiker, en der stean pipernuten mei skúmkes op tafel. As Sinteklaas en de twa piterbazen deryn rinne, sit se foaroan. Kôgjend op wat pipernuten sjocht se yn ekstaze hoe't Sinteklaas syn grutte boek iepenet.
Se sit hielendal yn it ferhaal en stadichoan ûntspan ik ek wat. Mar dan draaft se ynienen mei grutte eagen op my ôf. "Mem, de stim fan Sinteklaas liket op dy fan J." Myn hert bonket my troch it liif. Dy seach ik net oankommen. "Oh leave, is dat sa? Dat wie my noch net opfallen."
Se liket it alwer ferjitten te wêzen as se nei foaren roppen wurdt. Se doart Sinteklaas amper oan te sjen. In heal oerke letter rint se nei ien fan de piten ta. "Soe ik miskien mei jimme mei kinne it dak op, om te helpen mei de pakjes?" Pyt moat laitsje en seit: "Ik sjoch dy jûn op it dak!"
Jûns bellet se noch efkes mei myn freon. Doe't it Sinteklazefeest foarby wie, wie hy ynienen ek wer boppe wetter. Se seit dat se it skande fynt dat hy der net by wêze koe. Mar belangriker: sy sil mei de piten mei it dak op.
Dy jûnes ferpoft myn famke om har pyama oan te dwaan. "Mem, as de piten my ophelje, dan moat ik fuortendaliks mei. Dan haw ik gjin tiid om earst noch myn pitepak oan te lûken." De wurgens dript der fanôf. Dy nacht sliept se yn har pitepakje.
Yn har dreamen klatteret se miskien wol oer de dakken, mar moarns hat se de triennen yn de eagen: "Pyt hat net del west. Myn aldergrutste dream komt fêst noait út." Ik jou har in krûp en fertel har dat dreamen net altyd hjoed of moarn útkomme, mar dat it faak bart op in momint datst it sels net ferwachtest.
Yn de wykeinbylage fan de Ljouwerter Krante lês ik oer akteur David Elsendoorn út Grinslân. Ynkoarten kinst him sjen as fuotballer yn de Amerikaanske Emmy winnende searje Ted Lasso. As bern dreamde hy al fan it wite doek. "Iemand lachte me uit, toen ik vertelde, dat ik mijn zinnen had gezet op Hollywood. Dan denk ik: I will show you."
Ek myn dochter leit har grutte dream net by har del. Middeis by de Sinteklaze-yntocht yn de wyk rint se resolút nei twa piten ta. "Wêr wienen jimme no justerjûn? Wy hienen dochs ôfpraat op it dak?" De pyt wit net sa goed wat hy der mei moat en seit: "Lieverd, het was veel te mistig en glad op de daken voor jou."
Jûns stiet se tegearre mei myn freon op it plat dak fan myn hûs. Op de útkyk nei de piterbazen. Ik stean yn de tún en glimkje. Mei safolle fjoer en trochsettingsfermogen moatte dreamen, lykas dy fan akteur David Elsendoorn, dochs útkomme kinne. As it net hjoed of moarn is, dan wis en wrachtich op in momint dat gjinien it ferwachtet."