Noed oer 'ferfiersearmoed' by 1 op de 12 Fryske húshâldingen

© ANP
Yn Fryslân rint ien op de tolve húshâldingen in heech risiko op 'ferfiersearmoed'. Dat docht bliken út in stúdzje dy't dien is op fersyk fan de steatefraksje fan de ChristenUnie.
Earmoed wat ferfier oanbelanget hâldt yn dat je net mobyl genôch binne om boadskippen te dwaan, kultuer te belibjen, heger ûnderwiis te folgjen of sosjale kontakten te ûnderhâlden. Neffens it ûndersyk komt dat it measte foar yn de gemeentes Harns, Eaststellingwerf, Smellingerlân, Hearrenfean en Tytsjerksteradiel.
Yn it ûndersyk binne 300.000 húshâldingen meinaam en 26.000 dêrfan hawwe mooglik te krijen mei ferfiersearmoed. "Dat fyn ik frij heech", seit Matthijs de Vries, fraksjefoarsitter fan de ChristenUnie.
It giet net allinne om de beskikberheid fan iepenbier ferfier lykas bushalte en treinstasjon, mar ek om ynkommen, oft famylje yn de buert wennet, wat de ôfstân nei de winkel is en oft minsken sels in ferfiersmiddel hawwe. "It giet om de fraach: kin ik komme wêr't ik komme wol om mei te dwaan oan de maatskippij."
Matthijs de Vries fan de ChristenUnie
Mei de oanbefellingen yn it rapport wol de partij fierder de djipte yn en mear ûndersyk dwaan. "We moatte prate mei de minsken, fiele se dat echt sa en we moatte ek sjen nei de foarmen fan iepenbier ferfier, dy moat net te kompleks wêze en maklik mooglik bliuwe."
Yn desimber komt it rapport oan de oarder yn de Steaten.