Waadakademy: eigen rjochten kinne it Waad better beskermje

De Waadsee foar de Fryske kust © Remco de Vries
De natuer yn it Waadgebiet kin better beskerme wurde troch eigen rjochten ta te kennen oan de Waadsee. Dat foarstel docht de Waadakademy hjoed by de presintaasje fan it rapport 'Granting Rights of Nature to the Wadden Sea'.
Sa't in minsk in berop dwaan kin op minskerjochten en bedriuwen, stichtingen en ferieningen harren posysje garandearje kinne troch guon grûnrjochten, sa soene natuergebieten neffens de Waadakademy ek beskerme wurde moatte troch spesifike regeljouwing. Oant no ta bestiet sokke regeljouwing foar natuergebieten net.
Der steane wol ôfspraken op papier wat de omgong en it behear fan natuergebieten oanbelanget, mar dy litte in soad romte foar ynterpretaasje en steane dus in goede útfiering yn de wei. Om deselde reden sjit it behear en de beskerming fan de Waadsee neffens it rapport fan de Waadakademy tekoart. Se wize dêrby ek nei de plannen foar gaswinning ûnder it Waad by Ternaard.

Rjochten

De rop om natuergebieten eigen rjochten ta te kennen, klinkt yn hieltyd mear lannen. Mar om dy rjochten ek yn de praktyk fersulverje te kinnen, moat in natuergebiet fertsjintwurdige wurde troch in groep minsken - lykas de Waadakademy - dy't dêrfoar in heldere opdracht, it foech en de middels krijt. Oer de hiele wrâld binne dêr al fjouwerhûndert foarbylden fan te finen, lykas de rivieren Whanganui yn Nij-Seelân en Turag yn Bangladesh.
Neffens it rapport soe it yn it gefal fan de Waadsee alllinnich gean moatte oer it part fan it Waad dat in Natura 2000-status hat en dus op Europeesk nivo beskerming krijt. Dat is benammen it wiete Waad plus in tal natuergebieten op de Waadeilannen sels.

Net allinnich fan achter it buro

De skriuwers fan it Waadakademyrapport hawwe hjiroer net allinnich fan achter it buro saken útsocht en besteande ûndersiken bestudearre. Der is ek wiidweidich praat mei in grut oantal saakkundigen en belanghawwers.
Dêrby gie it net allinnich oer minsken dy't doel hawwe oer de natuer, mar ek oer bygelyks juridyske saken. Dat dit fan 'e wike nei bûten komt yn in rapport yn it Ingelsk is gjin tafal: Denemarken, Dútslân en Nederlân hawwe no in konferinsje oer it Waad yn it Dútske Wilhelmshaven.
Undersikers oan it wurk yn de natuer fan Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Yn de Twadde Keamer hawwe de Partij voor de Dieren en GroenLinks fragen steld oer dit ûnderwerp. Nei oanlieding dêrfan is in ûndersyk tasein. Ek yn de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân hat dit ûnderwerp oan 'e oarder west.
Neffens it rapport fan de Waadakademy soene de rjochten fan de Waadsee beheard wurde moatte troch in Ried fan Bestjoer wêrfan't de leden gjin ekonomyske belangen hawwe by it gebiet of op oare wize in link ha mei it Waad.
De Ried fan Bestjoer moat bûn wêze oan ekologyske doelen dy't troch de tiid hinne feroarje kinne en dy't troch saakkundigen formulearre en sa nedich aktualisearre wurde kinne. Dy rol soe de Waadakademy op him nimme kinne.
In kommisje fan belanghawwers út it gebiet sels moat by wichtige besluten wol om advys frege wurde. Dy taak soe takend wurde kinne oan it al besteande omjouwingsberied.
Waaddyk by Wierum © Omrop Fryslân, Geertrui Visser
It plan is allinnich út te fieren as de fertsjintwurdigers fan it Waad in dúdlik mandaat krije en dêrnjonken de middels krije om dy opdracht ek wier te meitsjen.
De gearstallers fan it rapport wolle dúdlik meitsje dat in soad saken noch fierdere útwurking freegje en dat guon ûndersyksfragen noch iepen steane. Yn it stik wurdt bygelyks noch gjin dúdlik antwurd jûn op de fraach hoe't ien en oar yn in wurkber demokratysk model getten wurde kin.