Grien ljocht foar plan fan freondinnen foar bou fan tiny houses en Voedselbos

Inger van der Wal (links) en Janny Zandberg © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
In park fan ien bunder mei lytse duorsume hûskes en in bosk dêr't iten ferboud wurdt: dat is wat twa froulju út Bakkefean en Sigerwâld realisearje wolle. Sûnt 2019 binne Janny Zandberg en Inger van der Wal der al mei dwaande.
No kinne se ek los, om't de gemeente grien ljocht jûn hat.
Beide freondinnen binne foarearst op syk nei in stik grûn. "Dat kin grûn fan in boer wêze of fan in oar. We hawwe wol wat lokaasjes op it each. Mar der is noch neat wis", seit Van der Wal. Ek mei de finansiering binne se noch folop dwaande, bygelyks via een pachtoerienkomst, ynkomsten fan bewenners en mooglikheden foar bedriuwen om mei te dwaan.
Se dogge it út in idealistyske grûnslach. "Der is grut ferlet fan betelbere wenromte, it leafst ek duorsum, en we wolle it iten graach net fan fier helje. Dat is wat hjir achter sit", seit Van der Wal. De bedoeling is dat de saneamde tiny houses folslein enerzjyneutraal wurde en net mear oansletten binne op it enerzjynet.
Inger van der Wal en Janny Zanberg foar it tiny house fan Inger © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
It finen fan de grûn is no de earste prioriteit. Dêrnei wurdt it projekt iepen steld foar minsken dy't der graach wenje wolle. De inisjatyfnimsters hoopje dat de bou yn 2023 úteinsette kin.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer prate mei de froulju