Rjochtbank docht hjoed útspraak tsjin de 'binde fan Wolvegea'

De plysje die yn 2020 in ynfal yn Wolvegea © Omrop Fryslân
De santjin fertochten yn de saneamde saak-Strauss hearre hjoed har straffen. Se wurde fertocht fan belutsenheid by in drugsorganisaasje yn Wolvegea.
De trije haadfertochten binne bruorren fan elkoar en wurde sjoen as de lieders fan de organisaasje. It Iepenbier Ministearje easket selstraffen fan seis, acht en tsien jier tsjin de trije.
De drugsorganisaasje, dy't ek wol bekend stiet as de 'binde fan Wolvegea', wie belutsen by de útfier fan kokaïne en heroïne, mei Noarwegen as einbestimming.
De saak kaam yn desimber 2020 foar it earst yn it nijs. Nei de oanhâldingen trochsocht de plysje twa wenningen op It Hearrenfean, fjouwer yn Wolvegea en in tal bedriuwspannen yn Wolvegea.
De útspraak wurdt yn de rin fan de middei ferwachte.