Keunstskilder Klaas Werumeus Buning (67) út Pitersbierrum ferstoarn

Klaas Werumeus Buning (1955-2022) © Omrop Fryslân
Keunstner Klaas Werumeus Buning fan Pitersbierrum is yn 'e âldens fan 67 jier ferstoarn. By keunstleafhawwers stie hy bekend om syn skilderijen fan minsken, ynterieuren en bisten.
Werumeus Buning is yn 1955 berne as boeresoan yn Warkum. Syn oplieding krige hy oan de Frije Akademy en de Keninklike Keunstakademy yn Den Haag. Koartlyn ferskynde syn biografy mei de titel No Sa. Dêr stiet ek in oersjoch yn fan al syn wurk.
"Klaas wie eins in soart lichtfuottich realist", fertelt syn freon, keunstner Douwe Elias, oer it plak fan Werumeus Buning yn de Fryske en Nederlânske keunstwrâld. "Dat wie altyd bysûnder, foaral yn syn manier fan praten en yn syn skriuwen eins ek, mar ek yn de manier fan skilderjen. 'Aarzelend', mar ek wer poëtysk."
Skilder Klaas Werumeus Buning oan it wurk © Omrop Fryslân
Werumeus Buning eksposearre altyd yn syn tsjerkje yn Pitersbierrum, mar ek yn bygelyks Den Haag en Grins. "Troch it hiele lân hat Klaas altyd eksposearre."
Elias wit noch in moaie anekdoate oer it tsjerkje, dat ek as atelier brûkt waard. "Dat koe ik keapje foar ien gûne, mar ik hie al in pakhûs. Doe haw ik oan Klaas tocht en dy hat it kocht foar itselde bedrach. Mei it skoaltsje derby, ek foar ien gûne. En by de notaris hie er it jild net, doe hat er dat noch liend."

Sykte

Neffens Elias wie Werumeus Buning al in skoft siik en wist er sûnt in heal jier dat hy net lang mear te libjen hie. Dêr hie er frede mei, fertelt Elias. "Hy sei sels altyd dat er in fantastysk libben hân hat. Dat it in heroyske flecht wie, dy noch mei in sêfte lâning delkaam. Sa seach er der tsjinoan. Hy libbe eins yn in soart fabeltsjeswrâld en fantasyen. Op it lêst ek noch. Klaas wie in poëtysk man."
Yn 2016 wurke Klaas Werumeus Buning mei oan de FryslânDOK 'De flecht nei it ljocht' oer keunstner Jentsje Popma.
Elias soe it moai fine as der in stichting komt dy't it tsjerkje fan Werumeus Buning behâlde wol sa as it is. "It soe eins bliuwe moatte en dat syn wurk der altyd hinget." Hy neamt it ferstjerren fan de skilder in grut ferlies. "Foar my, mar ek foar de keunst, want Klaas hie in eigen ynbring."
Werumeus Buning wurdt freed begroeven op it tsjerkhôf neist syn tsjerkje yn Pitersbierrum. Dêrnei kinne minsken ek syn wurk besjen yn it atelier.
Douwe Elias oer de ferstoarne skilder Klaas Werumeus Buning