Analist Harm Zeinstra: "Noppert hat it tsjin Katar wer prima dien"

Andries Noppert © ANP
Analist Harm Zeinstra is goed te sprekken oer de prestaasje fan Oranje-doelman Andries Noppert yn de wedstriid tsjin Katar. "Hy hat net in soad te dwaan hân, mar wat hy dwaan moast, dat die er goed."
Oranje wûn de lêste wedstriid yn pûl A mei 2-0 fan it gastlân en Noppert hie in frij maklike wedstriid. "Der wie gjin direkt doelgefaar fan Katar", seit Zeinstra.

Under kontrôle

"Yn de earste helte wie der twa kear in skot dat rjocht op him ôfkaam en yn de twadde helte ûnderskepte hy in foarset mei de fuotten. Dat die hy goed, want op dy wize soarge hy derfoar dat der gjin rebound ûntstie. Andries striele út dat hy alles ûnder kontrôle hie, hy hat hiel steady keept."
"It is altiten de keunst om it bytsje wat je dan dwaan moatte, dat je dat ek goed dogge", seit Zeinstra. "Dat je Katar gjin momint it idee jouwe dat der wat te heljen falt. Dat hat Andries goed dien."

Strafskop

Yn de twadde helte wie der noch wol in eangstich penaltymomint, seach Zeinstra. "Der waard gelokkich fluite foar bûtenspul, mar Andries tikke de oanfaller wol lichtjes oan. In tûke spiler siket de keeper dan op en rint om it samar te sizzen yn dy. Dat binne altiten diskutabele mominten. No wie dit bûtenspul, mar om dit tsjin lannen as Argentinië of Brazilië te dwaan, soe ik absolút net oanriede."
Der is gjin inkelde reden om Andries te wikseljen.
Harm Zeinstra, analist
Sneon om 16.00 oere spilet Oranje yn de achtste finales tsjin de nûmer 2 fan groep B: de Feriene Steaten. Neffens Zeinstra stiet Noppert dan wer op doel.

Wer de nul

"Der is gjin inkelde reden om Andries te wikseljen", stelt Zeinstra. "Hy hat it yn alle trije wedstriden (tsjin Senegal, Ekwador en Katar, red.) gewoan goed dien. Se hawwe net ferlern en hy hat twa kear de nul hâlden. Ik fyn Noppert in toppert", seit de analist mei in knypeach.