Sportklups yn de problemen troch hege enerzjykosten: "Kealslach yn it ferieningslibben"

Gymnastykjende bern © ANP
De hege enerzjykosten binne in bedriging foar it fuortbestean fan in soad sportklups yn Fryslân. Om de kosten te drukken moatte de kontribúsjes omheech, mar dêrtroch reitsje klups leden kwyt.
Den Haag jout yn alle gefallen gjin ekstra jild om de ferieningen te helpen, die moandei bliken. "We kunnen niet alles doen", sei minister Conny Helder fan Sport. "Ik kan geen garantie geven dat iedere sportvereniging de winter overleeft." Lanlik tinkt ien op de tsien amateurferieningen dermei op te hâlden. Oare nimme besparjende maatregels sa as it sluten fan de dûsen.
Ek yn Fryslân is de need heech, seit direkteur Anne Jochum de Vries fan Sport Fryslân. "We hearre hieltyd mear sinjalen fan klups dy't it no dreech ha en dat sille der allinnich mar mear wurde. De echte klap moat neffens my noch komme."
Enerzjyprizen funest foar sportklups
De nuodlike situaasje grypt De Vries oan. "It byld fan in kealslach yn it ferieningslibben, dat grypt my wol yn it hert. Us ferieningslibben hat it al dreech en we komme krekt út in krisis: de coronakrisis. Dy ha we mei-inoar aardich oerlibbe, mar we ha wol sjoen dat in hiel soad minsken ophâlden binne mei sporten."
Neffens De Vries ha in soad bern der fan te lijen. "Dat wolle we yn dizze enerzjykrisis dochs net noch in kear? Wy wolle dochs nei in sûne generaasje ta?"
Om elkenien sporte litte te kinnen, soene de gemeenten byspringe moatte om de kontribúsjes leech te hâlden, fynt De Vries. It is noch mar de fraach oft dat slagget.

Ofhinklik fan ferhierder

Ferieningen hiere meastentiids de sportakkommodaasjes. "En dan binne je ôfhinklik fan de ferhierder", stelt De Vries. "Dy hawwe fansels ek in hegere enerzjyrekken en as dy net kompensearre wurdt, dan kinne se de rekken trochskowe nei de hierders en dy sille dat dan opbringe moatte."
By swimferiening Neptunia'24 yn Snits is dat it gefal. De klup hiert it bad fan de lanlike organisaasje Optisport en dy ferheget de hier mei 14 persint. Dy ferheging moat opbrocht wurde troch de goed 250 leden.
Swimbad It Rak yn Snits © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Foar bern giet it om in jierlikse ferheging fan 35 euro, foar folwoeksenen is it 70 euro. "Het is goed mogelijk dat niet iedereen dit kan opbrengen", seit foarsitter Peter van Leeningen fan de swimferiening. "Dat betekent dat we leden verliezen, terwijl zwemmen juist zo belangrijk is."
Regiomanager Harm Jan Hagendoorn fan Optisport lit yn in reaksje witte dat er begryp hat foar de soargen. "Want ook wij vinden het belangrijk dat iedereen kan zwemmen. We beseffen dat dit een grote impact heeft. Hoe groot de gevolgen zijn en hoe hoog de verhoging zal zijn, daar kunnen we nog niks over zeggen. Daar is het nog te vroeg voor."
Optisport hat 300 sportlokaasjes yn Nederlân en België. Foar swimbaden hat it kabinet ferline wike 207 miljoen euro beskikber steld om de hegere enerzjylêsten op te fangen.
It bad dêr't swimferiening Neptunia'24 traint © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Ek sealfuotbalferiening Libertas út Damwâld hat it dreech en moat aksje ûndernimme. Troch de hege enerzjyprizen kin de klup net mear rûnkomme mei de besteande kontribúsje.
"We ha it finansjeel net maklik", fertelt bestjoerslid Jouke Dantuma fan Libertas. "It is in binnensport, dus wy hawwe gjin ynkomsten út in kantine. We wolle de drompel net te heech meitsje, dus ús kontribúsje wie 75 euro yn it jier, want de measte froulju fuotbalje ek noch op fjild. Dochs hawwe wy besletten de kontribúsje no omheech te smiten."