COA yn Fryslân noch hurd op syk nei 50 minsken foar nije opfangtaken

De flagge fan it COA by it azc yn Snits © ANP
Foar it COA is it alle heins op 't dek: de organisaasje hat noch oant july de tiid om de krisisopfang oer te nimmen fan Veiligheidsregio's. Dêrfoar binne mear minsken nedich, yn Fryslân giet it wis om 50 fte.
It Veiligheidsberaad hie al ferskate kearen oantrune op it earne oars ûnderbringen fan de taken. De Veiligheidsregio's meie dy taken no ôfbouwe, dat moat tusken april en july barre. Dêrom hat it Centraal Orgaan opvang asielzoekers mear meiwurkers nedich, yn Fryslân dus 50 folsleine funksjes.
"We zijn op dit moment druk op zoek naar mensen", seit Benny Schoonewille, lokaasjemanager by it azc yn Snits. "De gehele opvang komt naar ons toe, ook het deel wat de Veiligheidsregio nu nog voor z'n rekening neemt. Daarom zijn wij op zoek naar nieuwe mensen."
By it azc yn Snits © ANP
Hoewol't de ynstream fan flechtlingen somtiden heger en somtiden leger is, leit in krimp neffens Schoonewille net yn de ferwachting.

Ynstream fan asylsikers

Mark Rutte hat as VVD-lieder op it kongres fan syn partij tasein dat er de ynstream fan asylsikers substansjeel fermindere wurdt. Earder kaam Rutte al by de VVD-fraksje yn de Twadde Keamer del om tasizzingen te dwaan oer it beheinen fan de ynstream.
Mark Rutte op it VVD-kongres © ANP
It kin wêze dat it tal asylsikers yn de takomst dus wer minder wurde sil. Schoonewille: "Dat zou kunnen, op termijn weten we dat natuurlijk niet helemaal zeker. De verwachting is de komende tijd dat we wel echt mensen nodig hebben."
De Veiligheidsregio's bliuwe wol de opfang fan Oekraynske flechtlingen koördinearjen.
Benny Schoonewille