Friezen sjogge de kat net út de (djoerdere) krystbeam en keapje omraak

Beamkweker Keimpe Visser © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Sinteklaas is noch yn it lân en it snobbersguod fan 11 novimber is noch mar krekt op, mar it is al drok by de krystbeamhannel. Troch de ynflaasje binne beammen djoerder, mar de klanten bliuwe foarearst net fuort.
"Dit is dochs wol ien fan de moaiste soarten", seit beamkweker Keimpe Visser wylst hy oer in greide fol krystbeammen rint.
Hy wiist op in beam dêr't in blauwe glâns oer de nullen skynt. "Dit is de Omorika, dy is oan de ûnderkant fan de nullen blau. Dat sjocht der moai út en dus wolle in soad minsken dy hawwe."

Tolve novimber op de stoepe

Visser kweekt al jierren beammen en sjocht dat syn klanten de krystsfear alle jierren wer earder te pakken hawwe. "Dit jier wie der in man dy't 12 novimber al by my op de stoepe stie. Hy hie Sint-Marten efkes ôfwachte, want oars fûn hy it te betiid. Mar de bern hiene in dei earder it snobbersguod ophelle en dêrom kaam er mar foar in beam."
Dat kin fansels, seit Visser. Mar je moatte wol goed om de beam tinke. "De beam stiet hjir it hiele jier bûten en dan is de oergong nei de waarmte fan binnen somtiden grut. Set him dan 24 oeren yn de garaazje of earne oars. Dat is it bêste foar de beam."
Friezen keapje al wer omraak krystbeammen, dy't wol wat djoerder binne
Kwekers fernimme wol dat de beammen dit jier djoerder binne as oars. "Dat hat alles mei de ynflaasje te krijen," leit kweker Tineke Elzinga fan Sumar út.

Djoerder, mar foar eltse beurs in beam

"Wy hawwe ek hegere kosten troch alles wat der by sjen komt. De trekker rydt net op wetter en de ynpaklinten binne djoerder as earst. It ferskilt de beam hoefolle der by de priis opkomt, rekkenje mar op in pear euro. Mar wy ha foar eltse beurs in beam, dus dat moat goedkomme."
Beamkweker Tineke Elzinga © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Elzinga ferwachtet dan ek wol dat de minsken komme. "Want in beam yn 'e hûs is alle jierren wer in hichtepunt. In bytsje ljocht yn it tsjuster fan de winter is nea ferkeard."
De krystbeammehannel hat it drok