Akkoart oer wiziging wetterskipsbestjoer: bedriuwen reitsje fêste sitten kwyt

© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Kiezers krije by de ferkiezingen takom jier mear ynfloed op de gearstalling fan it bestjoer fan de wetterskippen. It bedriuwslibben rekket syn fêste sitten kwyt.
Fêste sitten binne sitten yn it bestjoer dy't net keazen wurde. Nei de Twadde Keamer is no ek de Earste Keamer akkoart mei in foarstel om dat systeem te feroarjen.
Boeren en natuerorganisaasjes behâlde har twa fêste sitten, mar troch de wetswiziging rekket it bedriuwslibben de fêste sitten wol kwyt.
De wetswiziging wie in idee fan Laura Bromet (GrienLinks) en it Fryske D66-Keamerlid Tjeerd de Groot. Dy hienen op mear ynset: sy woenen hielendal ôf fan alle boarge sitten.
Dêr wie net genôch stipe foar yn de Keamers. Tsjinstanners fan it foarstel sizze dat it just wichtich is dat dizze ekspertize yn de wetterskippen bliuwt.

'Demokratysker'

Dochs is De Groot wiis mei de wiziging. Hy neamt it "een historische stap richting meer democratisering in de waterschappen".
"Dit wetsvoorstel is een enorme systeemverandering die een nieuwe stap is in het democratischer maken van de waterschappen", seit Bromet.
By Wetterskip Fryslân steane op it stuit sân fan de 25 sitten fêst. Dêr bliuwe nei it beslút noch fjouwer fan oer: twa foar de boeren en twa foar de natuerorganisaasjes.